Liveblog
|
3 septimber
Superieur partoer Ilse Tuinenga slút ek ôf mei oerwinning
Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein. Mei hjoed:
- De lêste frijeformaasjepartij yn it keatsen is in proai wurden foar it partoer fan Tjisse Steenstra;
- By de froulju nimt it partoer fan Ilse Tuinenga ôfskied mei winst;
- Marrit en Hester Jasper winne mei Nederlân brûns op it EK follybal.
Lêst bywurke: 3 septimber, 18:50
snein 3 septimber
18:50
Tuinenga nimt ek ôfskied mei winst

Ek it suksesfolste partoer by de froulju nimt ôfskied mei in oerwinning. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra wienen hjoed de sterksten yn Reduzum. Dat wie foar de froulju ek de lêste frijeformaasjepartij fan it seizoen.
Yn de finale wienen Tuinenga-en-dy te sterk foar Jeldou Koopmans, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt.
18:24
Nederlân pakt EK-brûns
De Nederlânske follybalsters, mei Marrit en Hester Jasper út Snits, ha brûns wûn op it EK follybal. Yn de striid om it tredde plak wie Nederlân mei 3-0 te sterk foar regearjend Europeesk kampioen Italië.
18:23
Suksespartoer Steenstra nimt ôfskied mei winst
It sterkste partoer fan de ôfrûne twa jier hat ek de lêste frijeformaasjepartij fan dit seizoen wûn. Yn harren lêste wedstriid mei-elkoar pakten Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar de krânsen yn Penjum.
17:47
Nederlân hat noch ien set nedich

Nei in tige spannende set is Nederlân op 2-0 kaam tsjin Italië yn de treastfinale fan it EK follybal. Italië begûn sterk oan dy twadde set, mar Nederlân pakte op in bepaald stuit acht punten achter elkoar en draaide sa in achterstân fan 8-11 om yn in foarsprong fan 16-11.
Mar ek Nederlân koe de foarsprong net fêsthâlde. Sa krige Italië dochs trije setpunten, dy't allegear fuortwurke waarden. Op 27-26 wie it earste setpunt fan Nederlân wol fuort raak.
Marrit Jasper spilet in sterke wedstriid oant no ta, dizze twadde set wie se ûnder oare mei in pear blocks wichtich. Nederlân hat no noch ien set nedich om it earste ynternasjonale earemetaal sûnt 2017 te pakken. Doe waard Nederlân twadde op it EK.
17:14
Finale Penjum: Steenstra - Van der Bos
De finale by it keatsen yn Penjum giet aanst tusken de partoeren fan Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos. Dat lêste partoer wûn yn de heale finale mei 5-3 6-4 fan Haye Jan Nicolay, Hessel Postma en ynfaller Hendrik Kootstra.
Steenstra en Van der Bos binne de twa sterkste partoeren fan it seizoen, mei respektyflik acht en fjouwer oerwinningen yn de frije formaasje.
17:12
Nederlân op 1-0 tsjin Italië
Nederlân stiet op foarsprong yn de treastfinale fan it EK follybal. De earste set tsjin Italië gong mei 25-23 nei Marrit Jasper en har ploechgenoaten.