Programma’s Omrop Fryslân yn in oar jaske troch nije studio

Fan moandei 4 septimber ôf sjocht it der oars út op telefyzje by Omrop Fryslân. Mei in oare ynrjochting fan de telefyzjestudio's komme de programma's der ek oars út te sjen.
De earste feroaring dy't opfalle sil is it waarberjocht. De waarminsken steane no noch op in bûtenlokaasje, mar presintearje aanst it waarberjocht yn de studio foar in green screen. "Dat is om't it waar hieltyd wichtiger wurdt", seit haadredakteur Ingrid Spijkers. "Wy hawwe faker te krijen mei ekstremen en sa kinne wy dêrop ynspringe. Mei in green screen kinne ús waarminsken dat mei in kaart better tsjutte en ek kinne waarfoto's ynstjoerd wurde."
Fryslân Hjoed yn in oare setting
De presintatoaren fan Fryslân Hjoed stean aanst te presintearjen yn stee fan sittend achter in desk. "Dat is aktiver, dy fraach kaam ek fan de presintatoaren sels", seit Spijkers dêroer. "De presintatoaren lykje sûnder grutte tafel ek tichter by de sjoggers, dat is wat wy as Omrop graach wêze wolle."
Rapper skeakelje
De ferskate settingen steane aanst allegear yn ien studio. In green screen yn de iene hoeke, in tafel foar gasten yn de oare en in steande desk by de autocue in pear meter fierderop.
De feroaringen binne nedich om't ek de tiid feroaret. Mei de nije studio kin Omrop Fryslân rapper skeakelje en is it fleksibeler. "We kinne mei de nije technyk makliker programma's opnimme, dy't we op meardere kanalen sjen litte kinne. In podcast mei byld, in ferdjippend petear of just in ferkiezingsjûn."

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 299 78 60.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.