Nederlânske follybalsters sette druk, mar ferlieze fan Servië yn heale finale EK

Yn de heale finale fan it EK follybal hawwe de froulju fan Oranje mei 3-1 ferlern fan Servië. It is de ploech dus net slagge om de finale te berikken.
De Nederlânske ploech fan bûnscoach Felix Koslowski makke wol yndruk tsjin de regearjend wrâldkampioen. Mar úteinlik ferlear it. De setstannen wiene 25-21, 15-25, 25-22 en 25-21.
Marrit Jasper fan Snits wie de iennige Friezinne yn de seleksje, mar troch blessueren siet har suske Hester der ek by. Yn de achtste finales tsjin Switserlân makke Hester sels it winnende punt.
Oranje makke yndruk
De Serven pakten de earste set, mar de Nederlânske ploech wist him aardich oerein te klauwen. Sy namen it inisjatyf folslein oer yn de twadde set, dêr't Servië eins net mear oan te pas kaam. Servië stie bot ûnder druk. Yn de tredde set bleau Oranje sterk, mar úteinlik pakte de tsjinstanner dochs de set.
Yn de fjirde let rûn Oranje út nei 16-12, mar de ploech koe dy marzje net fêsthâlde. Servië kaam werom nei 16-16, wêrnei't Nederlân dêr wer oerhinne kaam. Dochs wiene it de Serven dy't yn de slotfaze it ferskil makken.
Nederlân kin noch wol om it brûns stride. Dêrfoar nimt de ploech it op tsjin Italië, dat yn de oare heale finale mei 3-2 ferlear fan Turkije.