Gemeente hâldt fêst oan opfang Oekraïners yn Nijeholtpea

De pleats dêr't it om giet © Het Betere Boerenerf
It kolleezje fan Weststellingwerf hâldt fêst oan it opfangen fan 40 Oekraynske flechtlingen yn Nijeholtpea. Ek al is net eltsenien yn it doarp tefreden oer de gong fan saken.
De gemeente wol sa'n tsien Oekraynske húshâldingen opfange yn in âlde pleats oan de Hoofdweg. Yn july is de pleats ferkocht oan in ûndernimmer, dy't dêrnei in hieroerienkomst mei de gemeente sletten hat foar twa jier.
It pleatslik belang hat in brief oan de gemeenteried stjoerd. Yn de brief stiet mei klam dat it doarp de komst fan flechtlingen net perfoarst ôfwiist, mar de skriuwers binne net te sprekken oer de proseduere en hoopje dat de plannen oanpast wurde kinne.
Der is lilkens oer dat it plan by omwenners oer 't mad kaam. Dat wie ek te fernimmen op in ynformaasjejûn ein july. Pleatslik belang woe graach yn petear mei de boargemaster.

Gemeente fynt it ferantwurde

Dat petear hat yn augustus plakfûn. Boargemaster André van de Nadort hat oanjûn begryp te hawwen foar de gefoelens fan de Nijeholtpeasters, mar fynt ek dat it oantal fan 40 flechtlingen ferantwurde is.
De gemeente wol noch wol sjen nei de gearstalling fan de groep en oft dat past foar it doarp, bygelyks as it giet om de skoalle.