Fryske 'útblinkers' út iten by keninklik pear

Reedrydster Femke Kok, swimster Marrit Steenbergen en sjoernaliste Iris de Graaf hawwe hjoed op besite west by kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. De Friezinnen wienen mei 23 oaren útnûge yn it ramt fan de Uitblinkerslunch.
Kok waard útnûge fanwegen har wrâldtitel op de 500 meter, Steenbergen om har titel op de 100 meter wikselslach op de koarte baan en Ruslân-korrespondinte De Graaf fanwegen har útferkiezing ta Bazaars Woman of the Year.
De lunsj is foar "Nederlanders die zich hebben onderscheiden door een bijzondere prestatie" yn ferskate sektoaren. Neist de Friezinnen wienen ûnder mear kabaretier Jochem Meyer, sjongeres S10 en Johan Remkes by de lunch op Paleis Noordeinde.