Arriva koe mar beheind meiprate yn ProRail-planning foar oanpak spoar

In trein fan Arriva © Omroep Zilt, Simen Hofman
Streekferfierder Arriva is teloarsteld oer de plannen fan ProRail. De spoarbehearder sil takom simmer ek bûten de fakânsjes en wykeinen oan it spoar wurkje. Foar skoallen bliuwe de problemen neffens de ferfierder lykwols foar it grutste part beheind.
"It is skande dat de soere apel oan de râne fan it netwurk komt te lizzen", seit wurdfierder Jacoba Hoeksma fan Arriva. "Miskien binne de reizgeroantallen by ús wat minder as yn 'e midden fan it lân en dat se dan kieze dat dizze wurksumheden dochs troch de wike plakfine moatte."
De ferfierder is foar it grutste part ôfhinklik fan ProRail. "Sy binne ferantwurdlik foar it spoar, wy ride derop." De mooglikheden om mei te praten yn de planning wie dan ek beheind.
"Wy ha safolle mooglik saken oanjûn dêr't se rekken mei hâlde kinne. Sy binne sels ek wer ôfhinklik fan harren oannimmer." Der is ûnder oare út kaam dat rekken holden wurde sil mei Oerol en it ek mooglik bliuwt om ûnderhâld oan treinen út te fieren.

Ferfangend ferfier

Yn prinsipe kin de ferfierder altyd ynspylje op wurksumheden. "As wy in trajekt net ride, sette we treinferfangend ferfier yn op dy rûten." Dat giet dan meast om touringbussen. "Omdat wy dit no al witte, kinne wy dêrop ynspylje. Alles komt dan ek goed yn de reisplanner te stean."
Skoallen hoege neffens Hoeksma net benaud te wêzen dat learlingen yn de perioade dat der gjin treinen ride net op skoalle komme kinne. "Nee, it giet allinnich wol wat minder effisjint as oars. Dus hâldt de reisplanner goed yn de gaten."