Liveblog | 1 septimber 2023

112-nijs 1 septimber: Man ferwûne by stekynsidint Ljouwert | Botsing by ôfrit A32 by Aldeholtwâlde

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 1 septimber 2023, 22:23
22:23

Man ferwûne by stekynsidint Ljouwert

In plysjeman © ANP
Yn de Franklinstrjitte yn Ljouwert is in man ferwûne rekke by in stekynsidint. De plysje seit om 21.55 oere hinne in melding fan it barren krigen te hawwen. In ambulânse hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht. De plysje stelt in ûndersyk yn nei wat der krekt bard is.
20:27

Botsing by ôfrit A32 by Aldeholtwâlde

© BTBfotografie
By de ôfrit fan de A32 by Aldeholtwâlde binne twa auto's opinoar botst. It barde by de ôfrit út de rjochting fan Wolvegea. De efterste bestjoerder hie te let troch dat de auto foar him remde, wêrtroch't de auto efterop klapte.
In ambulânse en plysje binne op it plak kaam, mar der rekken gjin ynsitters ferwûne. Beide auto's rekken wol bot skansearre. Rykswettersteat en de plysje hawwe de ôfrit tydlik ôfsletten.
16:55

Hotel op Flylân ûntromme om brân

© Omrop Fryslân. Lennard Geerts
Op Flylân is in hotel ûntromme nei in brânmelding. Der wie in lyts brantsje yn in wurkkast yn it Badhotel Bruin. It duorre net lang foardat alle hotelgasten bûten stiene, seit ferslachjouwer Lennard Jan Geerts, dy't op Flylân is.
It fjoer soe feroarsake wêze troch broeiende handoeken. Doe't de brânwacht der wie, wie it fjoer gau ûnder kontrôle.
15:37

Mêst brekt fan charterskip op Iselmar

De Eenhoorn op in âlde foto © ANP
Eksakt in jier neidat in famke om it libben kaam by in ûngelok op in charterskip, is it opnij misgien. Op de Iselmar bruts de mêst fan in sylskip ôf. Dêrby is net ien ferwûne rekke.
It ûngelok wie op in twamêster, midden op de Iselmar. Doe't de mêst ôfbruts, wiene der sa'n 20 skoalbern út Dútslân oan board. It skip, de Eenhoorn, wie ûnderweis fan De Lemmer nei Enkhuizen.
10:50

Yllegale gniisgasflessen tenei wolkom by miljeustrjitte

Gniisgasflessen © ANP
Untploffende gniisgas-silinders soargje foar sokke gefaarlike sitewaasjes by ôffalferwurkers, dat se no besletten ha om de gasflessen yn te nimmen by miljeustrjitten. Sa wolle se foarkomme dat dizze flessen by it restôffal bedarje.
Offalferwurker Omrin meldt dat de Fryske miljeustrjitten fan hjoed ôf ek ree binne de silinders fan gniisgas yn te nimmen, ek al mei dat offisjeel net.
De silinders wurde no faak oantroffen yn it restôffal. Dat is gefaarlik, seit Omrin, omdat se ûntploffe kinne yn jiskeweinen of ôffalovens. "We hebben het niet over deo-bussen, maar over cilinders van 2 kilo. Het is een wonder dat er nog niemand ernstig gewond is geraakt of erger", seit de direkteur fan de Vereniging Afvalbedrijven.
10:00

Wolkom yn dit liveblog

Goeiemoarn, wolkom yn dit liveblog. Hjir hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Mear 112-nijs is te finen yn ús liveblog fan juster.