Sylla lang om let oan set no't Bangura fuortgiet: "Het was een zware periode"

Sekou Sylla © Orange Pictures
It wie yn jannewaris ferline jier doe't Sekou Sylla troch SC Cambuur binnenhelle waard om op termyn Alex Bangura te ferfangen. No, goed oardel jier letter, is it lang om let safier.
Bangura makket de oerstap nei it Ingelske Middlesbrough. Tongersdeitemoarn wie er noch efkes yn Ljouwert. "Hij had heel veel haast, dus we hebben heel snel afscheid genomen", seit Sylla oer de moeting mei syn eardere konkurrint.
De 24-jierrige linkerferdigener wit dat er de bealch der no ûnder sette kin. Te begjinnen mei de wedstriid fan freedtejûn tsjin Helmond Sport.
Sekou Sylla is bliid dat er einlings spylje kin
Der is wol in berop dien op it geduld fan Sylla. Hy kaam de ôfrûne oardel jier yn tsien kompetysjewedstriden binnen de linen. "Het is een lange anderhalf jaar voor mij geweest. Ik heb geduldig afgewacht en nu is het tijd om te laten zien wat ik kan."
Maklik wie it net, jout de ynternasjonal fan Guinee ta. "Voor mij was het een zware periode. Gaat hij weg of niet?", doelt Sylla op Bangura. "Ik heb een prima voorbereiding gespeeld en het was zwaar voor mij dat hij alsnog ging starten."
Dat hij nu weggaat, is mooi nieuws voor ons beiden.
Sekou Sylla
Hoe langer it duorre, hoe mear it derút seach dat Bangura net mear fuortgean soe. Dat makke it foar Sylla noch dreger. "Ik had heel veel twijfels en ik heb het er ook met teamgenoten over gehad. Dat hij nu weggaat, is mooi nieuws voor ons beiden."
Tagelyk wit Sylla wol dat Cambuur noch in nije linkerferdigener helje wol, wêrmei't er de konkurrinsje oangean moat. Dêrfoar is Thomas Poll fan Almere City yn byld.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Helmond Sport begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma, dat om 19.45 oere úteinset. Ut Noard-Brabân wei docht sportferslachjouwer Roelof de Vries it kommentaar.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.