Piet Paulusma en Gerrit Hiemstra krije elk in eigen stoarm

Der wurdt in stoarm nei waarmannen Gerrit Hiemstra en Piet Paulusma neamd. Dat makket it KNMI freed bekend.
De ferneaming fan in stoarm nei Piet Paulusma is in earbetoan oan de Fryske waarman, dy't ferline jier op 65-jierrige leeftiid ferstoar. Paulusma wie mear as 36 jier de fêste waarman fan Omrop Fryslân.
Elke stoarm kriget in namme mei in letter fan it alfabet, begjinnend by de A. By de sande stoarm wurdt it stoarm Gerrit en by de sechtjinde stoarm Piet.
Stoarm Gerrit en stoarm Piet: earbetoan oan Fryske waarmannen
"Achter mij staat de man die u het weer gaat brengen", sei Rob Trip tongersdei yn it Achtoeresjoernaal, wizend nei Hiemstra. "Maar ook de man aan wie wij verteld hebben dat het KNMI morgen bekend gaat maken dat er een storm naar hem vernoemd gaat worden."
Hiemstra hâldt yn septimber op as waarman foar de NOS, dêr't er 24 jier lang de waarsfoarsizzing fersoarge.
De 61-jierrige Hiemstra is opgroeid yn Sumar, mar wennet tsjintwurdich yn Balk. Yn 1998 debutearre hy as ferfanger fan Erwin Kroll. Sûnt dy tiid presintearret er twa kear yn de wike de waarsferwachting. Hiemstra wol him nei syn ophâlden as ûndernimmer rjochtsje op klimaatneutraal bouwe en bouwe mei natuerlike grûnstoffen.
It moast in ferrassing wêze, dêrom woene kollega's it Hiemstra tongersdeitemiddei al fertelle. Se wienen benaud dat mei it bekend meitsjen fan de list fan nammen troch de Britten en Ieren om middernacht hinne de ferrassing al oer wêze soe.
Gearwurking
De nammen fan de Europeeske stoarmen wurde yn Nederlân mei de waarsynstituten fan Ierlân en it Feriene Keninkryk bepaald. Alle trije lannen meie nammen oandrage by de letters fan it alfabet.
Waarfrou Willemijn Hoebert seit dat Hiemstra lykwols noch efkes geduld ha moat. Yn septimber begjinne de stoarmnammen wer by de A. "Ik verwacht storm Gerrit niet voor de kerstvakantie."