Frysk ûnderwiis oerwaget - yn it uterste gefal - online kolleezje mei it spoarwurk

Fytse nei skoalle is net foar eltsenien in mooglikheid © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It Fryske ûnderwiis oerwaget - yn it uterste gefal - online kolleezje oan te bieden, as it wurk oan it spoar takom jier op in drama útrint. NHL Stenden en Firda binne benaud dat in groep studinten net mear opdaget.
In wurdfierder fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert lit witte dat online les ien fan de opsjes is. En as studinten in toets net meitsje kinne om't der gjin treinen ride, moatte se dy miskien op in letter momint meitsje kinne.
Spoarbehearder ProRail kundige tongersdei grut ûnderhâldswurk oan it spoar oan. Mar troch personielskrapte kin dat net allinne yn de wykeinen en fakânsjes dien wurde. Yn de simmer is Fryslân dus wiken minder goed berikber. Dat hat gefolgen foar it ûnderwiis.
Op it stasjon fan Ljouwert © ANP
NHL Stenden hat sa'n 24.000 studinten. De ynstelling is bliid dat ProRail it wurk no al oankundiget. "Dan kunnen we anticiperen en studenten en medewerkers goed op de hoogte brengen van de gevolgen voor vervoer."

Net sitte litte

De measte meiwurkers wenje wol yn de omkriten fan de skoalle, lit in wurfierder witte. "Ze komen met de fiets of lopend. Mensen die verder weg wonen, komen met de auto, of ze rijden met iemand mee, zoals we bij vervoersstakingen zagen. Als studenten wel problemen krijgen, vragen we ze om dat te melden bij de opleiding, en die geven we dan de opdracht om een oplossing te bieden. We laten studenten hier niet mee zitten."
Argyffoto fan it eardere Friesland College © Friesland College
Firda, it ROC dat earder Friesland College en ROC Friese Poort wie, hat sa'n 23.000 studinten. "Ik ben bang dat dit voor hen een enorme impact heeft", seit bestjoersfoarsitter Remco Meijerink.

Oansluting bussen

It hinget wol ôf fan de kwaliteit fan de alternativen fan ProRail, NS en Arriva, seit hy. "Maar een groot deel van onze studenten komt met het openbaar vervoer. Als dat vijf weken lang stilligt of minder is, dan heeft dat een enorme impact. Het kan betekenen dat ze extra reistijden hebben. Maar als een busverbinding ook nog eens niet aansluit, dan loopt dat alleen maar verder op."
Er zijn misschien studenten die de afweging maken: als ik vier uur les heb op een dag, dan weet ik niet of ik daar wel de hele reis voor onderneem.
Remco Meijerink fan Firda
Meijerink is benaud dat in bepaalde groep studinten net mear opdaagjen komt. "Er zijn misschien studenten die de afweging maken: als ik vier uur les heb op een dag, dan weet ik niet of ik daar wel de hele reis voor onderneem." Guon hawwe sels in auto of hawwe famylje dy't helje en bringe kin, mar dat jildt net foar eltsenien.
Mei de stakingen yn it treinferfier yn de maitiid hat de ynstelling sjoen dat it stillizzen fan it iepenbier ferfier echt ynfloed hat op it tal studinten dat de skoalle berikke kin.
Benammen de studinten út de lytsere plakken oan de rânen fan de provinsje binne yn sa'n gefal de pineut. "Deze jongeren worden bovengemiddeld geraakt."
Foarsitter Remco Meijerink fan it kolleezje fan bestjoer fan ROC Firda © Firda
Firda set leaver gjin online ûnderwiis yn. "We hebben in coronatijd ervaring opgedaan met online onderwijs. Maar dat is wat ons betreft niet echt een alternatief. We vinden het heel belangrijk om studenten fysiek op school te hebben."

Online hat abolút net de foarkar

Yn in uterste gefal soe it kinne. "We schakelen niet snel over naar online onderwijs, maar het zou eventueel voor sommige groepen een alternatief kunnen zijn. Maar dat heeft absoluut niet de voorkeur."
It eardere ROC Friese Poort © ANP
Dat komt ek om't Firda in soad fakûnderwiis jout. "Het is beroepsopleiding, we geven praktijkvakken. Lasonderwijs kan niet online worden aangeboden", seit hy. Mar ek yn sosjaal en didaktysk opsicht is it net winsklik.

Provinsje, ferjit it ûnderwiis net

Meijerink hearde dat it provinsjebestjoer treinen claimt mei it Oerol Festival: om it grutte tal besikers op te fangen fynt it kolleezje treinen in hurde eask. "Maar laten we het onderwijs ook niet vergeten", wol Meijerink taheakje.