Strangere stikstofnoarms tsjinfaller foar Wiersma en plannen provinsje

De kommende jierren wurde de stikstofnoarms stranger foar in grut tal gebieten. Yn Fryslân giet it benammen om it Waadgebiet, plus noch in tal lytse gebieten yn it easten. It is in tsjinfaller foar deputearre Wiersma.
It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit makke it nijs tongersdei bekend, nei ûndersyk fan Wageningen University & Research (WUR).
Beskerme natuergebieten hawwe mear lêst fan stikstof as tocht. Yn hast 47 persint fan de natuergebieten wurde de noarms stranger.
De krityske deposysjewearde (KWD) dy't no hantearre wurdt, is net skerp genôch, sa die bliken. Dêrmei wurdt bepaald hoefolle stikstof maksimaal delslein mei foar't der skea oan de natuer ûntstiet. De rjochter toetst oan de hân fan de KDW en de polityk moat him der dus oan hâlde.

Demisjonêr stikstofminister Christianne van der Wal ferklearre dat de opjefte "helaas groter geworden" is. Sy neamt it soarchlik nijs foar de natuer, mar ek foar de romte om fergunningen ôf te jaan. It kabinet wol eins fan de KDW ôf en siket in alternatyf. Mar oant dy tiid moat der fêsthâlden wurde oan de KDW.
Tsjinfaller foar Wiersma
Foar deputearre Femke Wiersma wie it nijs in ferfelende ferrassing dy't sy op har fakânsje te hearren krige. "It is in tsjinfaller. Op basis fan hoe't it belied no ynfolle is, betsjut it dat de opjefte dy't der leit yn in soad gebieten grutter is as tocht. Wy moatte wol sjen wat it krekt betsjut foar Fryslân, dat witte wy noch net eksakt."

Wiersma fynt it spitich dat it Frysk Programma Landelijk Gebied (de plannen fan de provinsje Fryslân op it mêd fan stikstof, natuer, wetter en klimaat) no mooglik net mear aktueel is.
"It is wol spitich dat it op dit stuit komt, no't de provinsjes krekt harren plannen ynlevere hawwe."
"Op KDW kinne je gjin goed belied basearje"
Wiersma slút har oan by it stânpunt fan it kabinet. "Wat minister Van der Wal ek yn de brief seit: de fluktuaasje yn de sifers jout wol oan dat de KDW as omjouwingswearde net-winsklik is." De deputearre hopet dan ek dat der gau in better alternatyf is.
"Nederlân is it iennige lân dat de KDW as omjouwingswearde yn de wet fêststeld hat. Der is net in oar lân dat it op dy wize brûkt. Oare lannen brûke it mear as yndikator, dêr't it eins folle geskikter foar is", sa is Wiersma fan betinken.
Op de KDW kinne je noait in goed belied basearje, seit Wiersma. "Want it is ien fan de drukfaktoaren, der binne mear komponinten fan ynfloed op de steat fan de natuer. Wy fine dat je dêr better nei sjen kinne, yn stee fan dy iensidiche, inge fokus op de KDW's, dêr't de sifers ek nochris fan fluktuearje kinne."