Kolleezje freget ried om útstel fanwege ekstra kosten nijbou swimbad yn Drachten

© Hooper Architects
It kolleezje fan Smellingerlân freget útstel foar it behanneljen fan in riedsfoarstel oer swimbad De Welle yn Drachten. De earste peal is al slein, mar de nijbou falt mar djoerder en djoerder út.
De kosten wiene al oprûn, mar der kaam yn july nochris goed 5,6 miljoen euro by foar ekstra maatregels op it mêd fan duorsumens. It giet ûnder oare om sinnepanielen. Yn febrewaris die al bliken dat it goed 12 miljoen euro djoerder wie as begrutte.
Boargemaster en wethâlders freegje no om it eardere riedsfoarstel net op 5 septimber yn behanneling te nimmen. "Het blijkt dat er nog veel onduidelijkheden zijn en dat kosten (fors) hoger kunnen uitvallen dan gepresenteerd in het raadsvoorstel", sa skriuwt it kolleezje. "Wij hebben extra tijd nodig om een nieuw voorstel uit te werken."
Guon fraksjes yn de ried binne net te sprekken oer de ekstra kosten. Yntze de Vries fan de ELP jout bygelyks oan dat de 'glâns der sa wol wat ôf' is. De ELP fynt de komst fan in nij swimbad fantastysk, mar is benaud dat de ynwenners fan de gemeente foar flink wat ekstra kosten opdraaie moatte.
De Vries hat fierder noed oer de eksploitaasjekosten, dy't ek al heger begrutte wurde. Hy wiist op de Lawei en de Drachtster Feart en is benaud dat it swimbad wer in grut projekt foar Smellingerlân wurdt wêrby't it net goed giet.