Mark Diemers fynt bûtenlânsk aventoer op Syprus

Mark Diemers © Dijks Fotografie
Mark Diemers spilet de kommende twa seizoenen by AEK Larnaca op Syprus. De Ljouwerter is akkoart mei syn nije wurkjouwer en moat allinnich noch medysk keurd wurde.
De ôfrûne oardel moanne trainde de 29-jierrige Diemers mei by SC Cambuur, de klup dêr't er yn de jeugdoplieding spile en trochbruts yn it betelle fuotbal. Hy siet sûnder klup nei't syn kontrakt by Feyenoord ôfrûn dizze simmer. Fan it begjin ôf makke er by Cambuur dúdlik dat er wachtsje soe op in oerstap nei it bûtenlân.
Dy hat de Ljouwerter no fûn op Syprus. Tongersdei hat er foar it lêst meitraind by Cambuur en ôfskie naam fan de spilers en trainers. Hy krige applaus nei't er in wurdsje dien hie foar de groep.
AEK Larnaca einige foarich seizoen as twadde op it heechste nivo fan Syprus. De klup pleatste him dêr by ek foar de Conference League, mar dêryn waard it yn de tredde kwalifikaasjeronde útskeakele troch Maccabi Tel Aviv.
Yn de kompetysje is de start fan AEK Larnaca net al te best: út de earste twa wedstriden waard mar ien puntsje helle.