Cambuur en Middlesbrough akkoart oer transfer Bangura foar rekôrbedrach

SC Cambuur rekket Alex Bangura nei alle gedachten kwyt oan Middlesbrough. De Ljouwerter fuotbalklup hat in akkoart mei de Ingelsen dy't op it twadde nivo spylje. Bangura sels moat noch wol rûn komme mei syn nije wurkjouwer.
Bangura hie noch in kontrakt foar ien seizoen yn Ljouwert, mar hie earder oanjûn graach in oerstap meitsje te wollen nei it bûtenlân. Cambuur woe him ek graach dizze simmer gean litte, sadat se noch jild foar him krije koenen.
It is net bekend hoefolle jild oft Cambuur ûntfangt, mar wol dat it om in rekôrbedrach foar de Ljouwerters giet. Neffens it Ingelske SkySports krijt Cambuur in bedrach dat boppe de 1,1 miljoen euro leit.
Oant no ta waarden de heechste bedraggen foar útgeande transfers betelle foar Sander van de Streek en Xavier Mous, dy't elk foar sa'n 600.000 euro fuortgienen.
Bangura krijt romte
Trainer Sjors Ultee wol de oerstap fan syn linksback noch net befêstigje, mar jout wol oan dat de klup him romte jout om in transfer te meitsjen. En dêrby seit Ultee dat de kâns lyts is dat Bangura der freedtejûn by is, as Cambuur it opnimt tsjin Helmond Sport.
Yn de simmer fan 2018 makke Bangura de oerstap fan Feyenoord ûnder 19 nei Jong Cambuur. Op dat stuit wie er noch fleugeloanfaller, mar hy bruts by Cambuur troch as ferdigener.
Bangura einige mei Cambuur yn 2020 en 2021 boppe-oan yn de earste divyzje. Yn it seizoen 2021/22 wie er basisspiler yn it team dat de bêste prestaasje foar de klup ea delsette: Cambuur einige as njoggende yn de earedivyzje.
Yn totaal spile de ynternasjonal fan Sierra Leöane 113 wedstriden yn it shirt fan Cambuur. Dêryn skoarde er fiif kear en joech er tsien assists.
Fuotbalklups yn Nederlân kinne oant en mei freedtejûn 23.59 oere spilers keapje en ferkeapje. De kâns is grut dat Cambuur de transfermerk ek noch op giet, as it Bangura definityf kwytrekket. "De lijstjes liggen klaar", seit Ultee dêroer.
Mar, sa seit de trainer, it mei net ôfliede fan de tarieding op de wedstriid tsjin Helmond Sport. It fuortgean fan Bangura docht dat neffens Ultee net. "We weten dat dit er al aan zat te komen. Wekenlang was iedereen er al op voorbereid."
Trainer Sjors Ultee oer de transferperikels by Cambuur
As eventuele ferfanger fan Bangura is Thomas Poll fan Almere City yn byld. Tsjin Helmond Sport sil Sekou Sylla de ferfanger wêze fan Bangura. "Sekou is al een aantal weken klaar geweest om die plek in te nemen. Hij is er zeker klaar voor", seit Ultee dêroer.
Fierder wurde der gjin wizigingen ferwachte yn de opstelling. Vincent Pichel is werom fan in blessuere en dat betsjut dat de trainers wat te kiezen hawwe, want de seleksje is folslein fit.
Dat Cambuur freed spilet wylst dan de lêste oeren fan de transferperioade plakfine, begrypt de trainer fan de Ljouwerters net. "Ik vind het vooral heel gek dat we een wedstrijd hebben op de avond dat de transferwindow gaat sluiten. Dat is ongelukkig gepland."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Helmond Sport begjint freed om acht oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma, dat om kertier foar achten úteinset. Fanút Noard-Brabân docht sportferslachjouwer Roelof de Vries it kommentaar.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.
De technyske stêf fan Cambuur hat dizze wike dwaande west mei it ferdigenjen. Yn de earste trije wedstriden krige de ploech hieltyd twa tsjintreffers.
It probleem leit yn de eagen fan Ultee net allinnich by de ferdigeners. "Het is voor mij veel meer verdedigen als team. Daar zijn we wel mee bezig geweest. Als team moeten we dat beter doen."
By tsjinstanner Helmond Sport treft Cambuur âld-spiler Doke Schmidt. Nettsjinsteande dat de Noard-Brabanners pas trije punten hellen, sjocht Ultee goeie saken by se. "Het is een ploeg met kwaliteit, waarbij het elke keer net de verkeerde kant op viel. Ik vind het zeker geen slechte ploeg."