Alden fan Tara fol ûnbegryp dat Risico jier nei deadlik ûngelok wer fart: "Ontzettend wrang"

De Risico © ANP
Eksakt in jier lyn kaam de 12-jierrige Tara út Den Haag om it libben doe't de gyk fan it skip Risico midden op de Waadsee yn twaen bruts en har rekke. De âlders fan it famke hawwe it der eltse dei tige dreech mei.
Tara wie mei klasgenoaten op sylkamp. Se wie ûnderweis fan Harns nei Flylân doe't it misgie. Efterôf die bliken dat de gyk oantaaste wie troch houtrot.
Omroep West krige in skriftlike ferklearring fan de âlders fan Tara fia harren advokaat. "Elke dag is een strijd en het blijft loodzwaar", litte sy dêryn witte.

Risico fart wer

Se fine it dreech om te akseptearjen dat de Risico yntusken wer fart. "De schipper zou weer een vergunning hebben. Voor ons is dat ontzettend wrang. Hoe kan het dat wij al een jaar wachten op antwoorden en een proces en hij doodleuk zijn leven weer oppakt alsof er niets is gebeurd?"
"We leven in een welvarend land met wetten en regels, maar kennelijk doen deze er niet toe en kun je na verkeerde beslissingen met zulke onherstelbare gevolgen gewoon verder waar je gebleven was. Onbegrijpelijk, niet te bevatten en onacceptabel", helje se út.
Dit was geen ongeluk, dit is gebeurd door nalatigheid.
De âlden fan Tara
In wurdfierder fan de rederij fan de Risico seit tsjin Omroep West dat ek sy noch hieltyd lêst hawwe fan it ûngelok. "Voor de ouders is het altijd erger, maar het raakt ons ook nog steeds. We pakken de draad op, de schipper ook, maar het zal nooit meer hetzelfde zijn."
Nei it ûngelok wêrby't Tara om it libben kaam, kontrolearre de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) alle 250 histoaryske sylskippen fan de brune float. 39 skippen blieken net de fereaske sertifikaten te hawwen.
De âlden fan Tara wolle bettere regels en strange kontrôles. "Dit was geen ongeluk, dit is gebeurd door nalatigheid. Dit had voorkomen kunnen worden. Wij willen ervoor zorgen dat er niet nog meer mensen op deze wijze verongelukken, het is nu al veel te vaak gebeurd. Wij zijn van mening dat de regels moeten verbeteren en controle hierop daadwerkelijk moet plaatsvinden."
De Onderzoeksraad voor Veiligheid lit yn in ferklearring witte noch hieltyd dwaande te wêzen mei it opfolgingsûndersyk. Dêryn wurdt neigien oft der lessen leard wurde kinnen fan it ûngelok en wat der nedich is om ditsoarte ûngelokken yn de takomst foar te kommen.
It einrapport wurdt ynkoarten fêststeld en sil neffens de Onderzoeksraad 'binnen afzienbare tijd' publisearre wurde.