Dat Wålemark oerstapt nei Hearrenfean, komt ek troch Amin Sarr en Hussein Ali

Patrik Wålemark © sc Hearrenfean
Patrik Wålemark wol himsels wer fuotballer fiele. Nei sân moannen blessuereleed is hy deroan ta om wer te spyljen. Dêrom kiest de Sweedske oanfaller foar sc Hearrenfean. "It fielt sa goed om wer fuotballer te wêzen."
Wålemark is de rest fan dit seizoen spiler fan sc Hearrenfean. De 21-jierrige bûtenspiler wurdt foar ien seizoen hierd fan Feyenoord.
Mei it oanlûken fan de Sweed hat Hearrenfean de winske ekstra fleugeloanfaller binnen. "Met Patrik voegen we direct extra dreiging toe aan onze voorhoede. Hij is een doelgerichte speler met een goede versnelling en een individuele actie", seit algemien direkteur Ferry de Haan oer de nije oanwinst.
Patrik Wålemark ferwachtet net dat hy dit wykein mei giet nei Deventer
By Feyenoord spile Wålemark 27 kear yn de earedivyzje, hy makke trije goals en joech trije assists. Hy kaam yn jannewaris 2022 nei Feyenoord en spile ôfwikseljend as basisspiler en as ynfaller.
Yn febrewaris fan dit jier rekke hy blessearre oan de boppeskonk mei in training, wêrtroch't hy de rest fan it seizoen hielendal net mear spile. "Ik ha sa'n sân moannen blessearre west, dus dêrtroch kaam ik net oan spyljen ta. Ek net yn de tareiding. Dêrom bin ik hjir nei ta kaam. Om mear te spyljen. It fielt goed om wer fuotballer te wêzen."

Net mei nei Go Ahead Eagles

Hy hat no hast trije wiken wer folslein meitraind, mar hy is noch net fit genôch om dit wykein mei te gean nei de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. "Nee, ik tink dat ik nei de ynterlânwike wol by de seleksje sit."
Hearrenfean hat in wike frij en spilet dêrnei op 16 septimber wer. Tsjin Feyenoord, de klup dêr't Wålemark fan hierd wurdt.
Patrik Walemark noch yn it shirt fan Feyenoord © Orange Pictures
Mei de komst fan Wålemark komt de 24e Sweed nei Hearrenfean. Hy koe Hearrenfean dus ek al reedlik goed. "It is in goeie klup. Ik ken al spilers dy't hjir spile ha en dy binne hiel posityf oer de klup. Foaral Hussein Ali."
Wålemark spile mei Ali by Jong Sweden en Ali stalkte him sa'n bytsje. Om him nei Hearrenfean te heljen. "Hy woe echt graach dat ik komme soe. Dus in big shout-out nei him. Hy bleau my mar beljen."

Komst nei Hearrenfean mei tank oan Ali en Sarr

Ek Amin Sarr spile by Hearrenfean. Ek mei Sarr spile hy by Jong Sweden. "It is eins in freon fan my. Ik wit dat hy it hjir goed nei 't sin hân. Dat hy in soad skoarde. En dat in soad Skandinaviërs it hjir goed dien ha."
Wålemark is noch mar 21 jier en spilet eins altyd as rjochtsbûten. By BK Häcken en by Feyenoord kaam hy op dy posysje it bêste ta syn rjocht. "Ik kom graach fan bûten nei binnen, fan de rjochterflank ôf. Ik bin kreatyf, ik wol foar mysels en foar oaren kânsen kreëarje. Ik spylje myn hiele libben al yn 4-3-3 systeem, dus dat past perfekt hjir."
De 22-jierrige bûtenspiler Alex Timossi makket just in oerstap by sc Hearrenfean wei, nei it Sweedske Brommapojkarna. Timossi spile sûnt ferline jier by Hearrenfean. Hy kaam yn 16 wedstriden yn aksje, mar neffens de klup ferrûn de gearwurking net fantastysk.
Beide partijen hawwe net fûn dêr't sy op hope hiene, seit algemien direkteur Ferry de Haan. Timossi hie amper perspektyf by de Feanster klup, dus ek foar him is it fan belang troch te kinnen mei syn karriêre.