Christine Wijshake nei acht moannen alwer fuort as direkteur Waadferiening

© Waddenvereniging/Mijke Bos
Christine Wijshake hâldt op as direkteur fan de Waadferiening. De Drintse wie sûnt 1 jannewaris yn funksje, as opfolger fan Lutz Jacobi.
It bestjoer en Wijshake binne ta de konklúzje kaam dat "wat de organisatie nodig heeft en wat Christine brengt in de rol van directeur op dit moment niet aansluit".
Wijshake wie earder Direkteur Bestjoer by de Behearautoriteit Waadsee. Dêrfoar wie se projektlieder 'Natuer mei de Mienskip' en teamlieder Natuerrealisaasje by Prolander.
Yn novimber hie Wijshake noch in soad nocht oan har nije baan. "Ik kijk ontzettend uit naar de samenwerking met medewerkers, het bestuur, de ledenraad, de leden en al die andere liefhebbers van de Wadden om ons werelderfgoed te behouden", sei se doe.
Marine-ekolooch en projektlieder Wouter van der Heij nimt de taken fan Wijshake de kommende moannen oer as waarnimmend direkteur.