Drokbesochte ynfojûn oer azc by Rottum: "Alles is oan bod kaam"

Fred Veenstra, boargemaster fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
Hy hat net elkenien oertsjûgje kind om foarstanner fan in azc by Rottum te wurden, mar boargemaster Fred Veenstra hat wol it gefoel dat er alle fragen fan omwenners beäntwurde hat. Dat die er op in drokbesochte ynformaasjejûn.
Sa'n 200 minsken kamen op de gearkomste ôf. Ynwenners hienen de kâns om fragen te stellen oan de plysje en oan it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA). De jûn waard organisearre troch it doarpsbelang fan Rottum.

Op gemeentegrins

De gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean ûndersykje nammentlik oft der in permanint azc komme kin op de gemeentegrins.
De lokaasje dy't de gemeenten op it each hawwe © Google Street View
De namme fan de lokaasje is It Hearrenfean-West en dat leit feitlik yn Rottum, op it grûngebiet fan De Fryske Marren. De foarsjennings dêr't de bewenners fan it azc gebrûk fan meitsje soenen, lizze lykwols benammen yn de gemeente Hearrenfean.

"In hiel soad fragen"

"Minsken hienen soargen en in hiel soad fragen", seit Veenstra. "Wêrom hjir, wêrom dizze omfang, wêrom net in lytser azc yn beide gemeenten, hoe komt it mei de wearde fan myn hûs? De fragen wienen hiel ferskaat."
Neffens de boargemaster hat hy, mar ek de fertsjintwurdigers fan de plysje en it COA, alle fragen goed beäntwurdzje kind. "En ik hoopje dat de ynwenners fan Rottum dat ek fine en it yn har omgean litte."

Misynformaasje

Der kamen net allinnich tsjinstanners fan it azc op de jûn ôf. Guon steane wol iepen foar in azc, mar wolle net dat dat te grut wurdt. Op social media geane ferhalen yn 'e rûnte dat der in plak komt foar 900 minsken en dat it 'in twadde Ter Apel' wurdt, mar dat sprekt Veenstra tsjin.
"Dat is net sa. Ik ha it besocht út de wrâld te helpen, troch oan te jaan wat der wol yn it foarstel stiet dat der op dit stuit leit." Dat is dat it giet om in plak foar maksimaal 600 minsken.

Kommende wiken fierder sjen

Syn gefoel is goed nei de jûn. "Alle fragen dy't minsken hienen, binne tink ik wol oan bod kaam. Guon minsken binne poer tsjin en dy bliuwe dat ek, dat is normaal yn sokke situaasjes. Mar der binne ek guon dy't der mei mear nuânse nei sjogge. Hoe't dat útpakke sil, moat de kommende wiken blike."
Op 7 septimber is der noch in gearkomste yn Thialf, organisearre troch beide gemeenten. Dêr steane de kolleezjes en riedsleden fan De Fryske Marren en Hearrenfean omwenners te wurd. Op 18 en 19 oktober nimme de gemeenterieden in beslút oer it azc.