Fiskje yn de Tsjûkemar is foar it Wetterskip "één van de hoogtepunten van het jaar"

Meiwurkers fan it Wetterskip bewûnderje in snoekbears fan 92 sintimeter © Omrop Fryslân
De fiskstân yn de Tsjûkemar hat wolris minder west. Dat is de earste foarsichtige konklúzje fan Wetterskip Fryslân nei in jûn fiskjen op it grutste binnenwetter fan Fryslân. Romte foar ferbettering bliuwt der wol.
Adviseur wetterkwaliteit Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân seach woansdeitejûn mei nocht hoe't kollega's in snoekbears fan 92 sintimeter fongen, opmetten en wer werom smieten yn de mar.
"De aanwezigheid van vis en de conditie van de vis vertellen ons heel veel over de waterkwaliteit", seit Roelsma.
It fiskjen foar it ûndersykjen fan de wetterkwaliteit wurdt mei sin jûns en nachts dien. "De avond is het beste moment. Er is dan minder recreatie op het water en het water is ook koeler. Je krijgt dan de meest betrouwbare resultaten."
Neem van mij aan: dit is voor het Wetterskip één van de hoogtepunten van het jaar.
Jan Roelsma
Twa lytse fiskersboaten mei in net tusken harren yn lizze in ôfstân fan 1 kilometer ôf oer de mar om oanslutend te besjen en op te mjitten wat der yn it net sit. Sa wurdt yn twa nachten tiid de hiele Tsjûkemar befiske.
De fisk hat der sels sa min mooglik fan te lijen, want nei it opmjitten en it ynfieren fan de gegevens wurde se wer gelyk yn de mar weromsmiten. "Wij waren hier vijf jaar geleden voor het laatst. Neem van mij aan: dit is voor het Wetterskip één van de hoogtepunten van het jaar."
Jûns is it net drok op de Tsjûkemar © Omrop Fryslân
Wetterskipsbestjoerder Monique Plantinga hie dat hichtepunt net graach misse wollen. "De Tsjûkemar is het grootste binnenwater van Fryslân. Wij spannen ons in om de waterkwaliteit stap voor stap te verbeteren. De vissen geven een goede indicatie of we op de goede weg zijn."

Romte foar ferbettering

De kwaliteit fan it wetter moat noch better wurde om te foldwaan oan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter, dy't oer fjouwer jier ferplichte is. Koartlyn wiisde natuerbeskermer Johan Vollenbroek it Wetterskip der yn in krityske brief nochris op dat neffens syn gegevens it Fryske binnenwetter 'nog nergens' oan de Europeeske wetterrjochtline foldocht.
Yn De Tsjûkemar sjocht Plantinga romte foar ferbettering. "We moeten hier werken aan de helderheid van het water. Om de visstand te verbeteren, leggen we vispassages aan en natuurvriendelijke oevers met ondiepe waterzones. Dat is goed voor de vissen, want dan hebben ze een mooie beschermde plek om te paaien."
Fiskje yn de Tsjûkemar om de fisk te mjitten en wer út te setten is foar it wetterskip in hichtepunt
Mar net alle fisk is goed foar de helderheid fan it wetter. Yn de Tsjûkemar swimt ek in soad brazem om, in fisksoarte dy't graach yn de feanige boaiem omwrot. De mar wurdt dêr net helderder fan.
"Wat minder brasem en wat meer snoek zou misschien beter zijn", seit Roelsma dêroer. Hy heakket deroan ta dat it noch te betiid is foar in definitive analyze. "Maar mijn eerste indruk is niet verkeerd. De vis verkeert in goede conditie, ik word hier wel blij van."

"Vervuiling bij de bron aanpakken"

Folslein foldwaan oan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter falt noch net ta, fertelt Plantinga. "Het Wetterskip kan dat niet alleen. We zullen de vervuiling bij de bron moeten aanpakken door hier ook afspraken over te maken met de industrie en de landbouw."
Plantinga hopet ek dat it Frysk Programma foar it lanlik gebiet - it FPLG - gau úteinsette kin, want dan komt ek mear jild beskikber foar ferbetterjen fan de wetterkwaliteit.
Njonken de Tsjûkemar ûndersiket it Wetterskip dizze wike ek de fiskstân yn de Grutte Wielen, de Dokkumer Ie en de Opsterlânske Kompanjonsfeart.