Simmer yn Fryslân: Mei hynders op 'en paad yn Sint Nyk

Simmer yn Fryslân yn Sint Nyk
Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, makket Omrop Fryslân wer in roadtrip by al it moais fan Fryslân del.
Dit jier giet Fryslân dwerstroch: de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen. Hjoed wie ferslachjouwer Timo Jepkema yn Sint Nyk.
Moarn binne we yn Tsjerkgaast. Sjoch hjir foar de folsleine rûte dizze simmer.