Susters Jasper mei Oranje nei heale finale EK follybal: "Nu gaat het erom"

De Nederlânske follybalsters, mei yn de seleksje Marrit en Hester Jasper fan Snits, ha har ienfâldich pleatst foar de heale finale fan it EK. Tsjin Bulgarije waard it 3-0 (25-11 25-13 25-19).
Yn Florence gong it benammen de earste set hiel rap. Al gau wie it 11-3 foar Nederlân en dy foarsprong kaam noait yn gefaar. De twadde set gong it ek as it slydjage. Dêrnei joech Bulgarije mear tsjingas, mar doe't Nederlân in 7-8 achterstân omsette nei in foarsprong fan 10-8, wie it ferset brutsen.
Marrit Jasper spile de hiele wedstriid en wie goed foar sân punten. Se hat in belangrike rol yn it team fan Felix Koslowski, dat de ôfrûne sân wedstriden mar ien set ferlear.
"Tot nu toe gaat het ons inderdaad vrij goed af", seit Jasper yn Langs de Lijn tsjin de NOS. "We hebben het allemaal goed op orde. Nu komen de grote wedstrijden eraan, dan gaat het erom. Op papier zijn de komende teams wel veel beter, tegen zulke teams hebben we nog niet gespeeld."
It is de fjirde kear yn de lêste fiif edysjes dat Nederlân de heale finale fan it EK hellet. Yn 2015 en 2017 wie de finale it einstasjon, twa jier lyn de heale finale.
De tsjinstanner yn de heale finale komt út de wedstriid tusken Servië en Tsjechië. Servië is favoryt: dat lân is regearjend wrâldkampioen en stie de ôfrûne trije EK's yn de finale. Yn 2017 fersloech Servië Nederlân yn de einstriid.
De heale finale fan Nederlân wurdt freed spile yn Brussel.