Muzikale jongeren kinne harren útlibje op Simmer Akademy yn Drachten

© Omrop Fryslân
Wa't dizze wike troch skouboarch De Lawei yn Drachten rint, ûntkomt net oan in ferskaat fan muzyk oeral om je hinne. 83 muzikale jongeren binne úteinset mei in talintûntwikkelprogramma, de Fulkaan Simmer Akademy.
Gospelmuzyk komt út in boppeseal wei, dêrneist wurdt Iraanske perkusjemuzyk makke. Yn de grutte seal ûnder sit in orkest mei jeugd tusken de 12 en 21 Jiddyske Klezmermuzyk te meitsjen.
Fulkaan-simmerskoalle yn Drachten
Dorien Huitema fan Wyckel docht foar de twadde kear mei. "By myn korpsen hawwe wy net in hiel protte jeugd mear, in soad jongeren dogge net mear oan muzyk. No, mei dizze Fulkaan Simmer Akademy hast allinnich mar jeugd dy't muzyk makket. Ik fyn it hartstikke leuk om dêr kontakt mei te lizzen. En dat ek mei te nimmen foar myn takomst."

De grins oer

It tema dat de organisaasje dit jier keazen hat, is 'De Grins Oer'. "Wy wolle hiel graach dat de jeugd yn oanrekking komt mei muzyk út oare kultueren en dielen fan de wrâld", seit projektlieder Renske Wijma.
Renske Wijma, projektlieder Fulkaan simmer Skoalle © Omrop Fryslân
"Mar wy wolle ek dat de dielnimmers harren eigen grinzen kennen leare en wat mear doare. Dat sy tinke: hé, dat is spannend, mar ik doch it lekker wol. Dêrnei komme se derefter dat sy folle mear kinne as dat sy eins tinke."

Swinge

De gospelsjongers ûnder lieding fan Pearl Jozefzoon folje de seal mei harren gesang. De dielnimmers komme foar mear as allinnich better en muzikaler wurde. It meitsjen fan nije freonen is ek in grut diel fan it programma. "Er is een gezellige sfeer, erg leuk", seit Daan Rekker. Hij song al wol, mar it gospelsjenre is nij foar him.
Klezmermuzyk op de Simmer Akademy Fulkaan © Omrop Fryslân
"Ik ben vooral gewend klassiek te zingen, dat is behoorlijk 'recht'. Met gospel leer ik nu ook veel meer losser te zingen, andere articulatie en vooral in de swing zitten van de muziek, het is iets dat je samen doet en dat komt ook echt terug in de zang."
Freed wurdt de wike ôfsletten mei in grut optreden dêr't elkenien fergees wolkom is. Dy einshow is fan 19.00 oant 20.00 oere yn de grutte seal fan De Lawei yn Drachten.