Ljouwert wol kompleks mei sosjale hierapparteminten mooglik oankeapje

Appartemintekompleks De Helling leit flak by de binnenstêd © Omrop Fryslân
Appartemintekompleks De Helling flak by de Ljouwerter binnenstêd stiet te keap. It giet om sosjale hierwenten foar âlderen. De bewenners binne skrokken fan it nijs.
"Ik wenje hjir prachtich", fertelt bewenner Thijs Venema. "Mar doe't dy brief kaam, haw ik jankt, sa dreech hie ik it dermei." Mar as it oan Venema leit, bliuwt er sitten wêr't er sit. "Mei de scootmobyl haw ik middeis in loopke nei de binnenstêd. Ik haw hjir myn fertier wol."
Gemeente Ljouwert oerwaacht om kompleks De Helling mei sosjale hierapparteminten te keapjen
De gemeente Ljouwert makket beswier tsjin de ferkeap fan gebouwen dy't yn it besit binne fan korporaasje Habion út Utrecht. De wenningkorporaasje hat ferskate gebouwen dêr't senioaren yn wenje en soarch krije kinne, mar is dwaande om kompleksen yn Fryslân fan 'e hân te dwaan.
Wethâlder Hein de Haan hat dêr argewaasje fan. "Leeuwarden heeft flinke wachtlijsten. We hebben daarom partijen nodig die investeren in sociale huurapparteminten in plaats van zich terugtrekken." De Haan sil him dêrom fersette tsjin de mooglike ferkeap oan in partikuliere ferhierder.

De Helling net iennige lokaasje

"Het mooiste zou de verkoop zijn aan een wooncorporatie die in Fryslân actief is. Als dat niet lukt, kunnen we ook als gemeente overwegen om het complex zelf over te nemen."
De gemeente kin dêr lykwols net al te lang oer prakkesearje, want Habion wol op syn lêst yn oktober De Helling ôfstjitte. It probleem is lykwols grutter as allinnich De Helling, want Habion wol ek ôf fan de lokaasjes De Hofwyck, Sint Jozef en Eezicht. Meiïnoar giet it om 236 wenplakken op gaadlike lokaasjes, dy't de gemeente net wol.

1.000 nije apparteminten

Der is neffens wethâlder De Haan krekt sprake fan fergrizing en in grut ferlet fan mear eigentiidske wenromte foar âlderein. "We moeten groeien. We hebben wel duizend nieuwe appartementen nodig."
It kolleezje sil dêrom in negative sjenswize ôfjaan op it foarnimmen fan Habion om De Helling te ferkeapjen. De Haan hat ek al oan Habion dúdlik makke dat er de foarnommen ferkeap net winsklik fynt. "We zijn in gesprek met Habion, maar we worden het niet eens."

Swettehiem

Earder woe Habion ek al Swettehiem ferkeapje. Uteinlik hat WoonFriesland Swettehiem doe oernaam en kinne de minsken dêr de kommende tsien jier noch wenjen bliuwe. Ek foar De Helling stribbet de gemeente nei in oplossing dy't de bewenners en de gemeente dúdlikheid foar de langere termyn jout.
As it heal kin, wol De Haan foarkomme dat De Helling yn hannen fan in partikuliere ferhierder komt. "Met corporaties kunnen we als gemeente samenwerken en afspraken maken. Een particuliere verhuurder streeft naar een maximale opbrengst. Dat mag, maar dan is het geen sociale woningbouw meer."