Siart Smit hâldt op as direkteur fan Oerol: "Het was een pittige periode"

© Omrop Fryslân
Nei fiif jier hâldt Siart Smit op as algemien direkteur fan Oerol. Smit seit dat it foar himsels en foar it festival better is as der no in oare direkteur komt.
It wie in pittige perioade, seit Smit. Yn de fiif jier dat hy ferantwurdlik wie foar Oerol, is it festival op Skylge twa kear net trochgien fanwegen corona, en ferstoar oprjochter Joop Mulder.
Yn de tiid dat hy der siet, is de organisaasje bot feroare, seit Smit. De minsken binne jonger wurden. En de ynhâldlike koers fan it festival is ferlein: duorsumens is no belangriker wurden.

Westerkeyn en Betonning

It ôfrûne jier wie it festival foar it earst net op de Westerkeyn en de Betonning, mar op it strân byt West aan Zee. It wie in súkses, seit Smit. "Het strand is echt omarmd, de sfeer was helemaal super."
© Jelte Keur
De organisaasje moat noch evaluearje wat de 'ekologyske ynpakt' fan it festival op it nije terrein west hat, seit Smit, "maar ik zie veel potentie om op deze weg door te gaan."
It is no in goed momint op it ôfskied oan te kundigjen, seit Smit. omdat der yn jannewaris in nije subsydzje-oanfraach dien wurdt foar de kommende fjouwer jier.

Wenje op twa plakken

Foar himsels komt it ek net raar út. No noch wennet Smit in part fan it jier op Skylge. Foar syn famylje is dat net handich: syn bern geane bygelyks op de fêste wâl nei skoalle. Smit wol eins net mear op twa plakken wenje. In nije direkteur soe eins fulltime op it eilân wenje moatte, seit er.
Salang't der noch gjin opfolger is, bliuwt Smit oan as direkteur. Wat er dêrnei dwaan sil, hat er noch net betocht.