Skylger ûndernimmers wolle minsken lokje dy't 'dreame fan wenjen op eilân'

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Om it grutte personielstekoart op it eilân te ferhelpen, lansearje Skylger ûndernimmers in online fakatuereplatfoarm dat minsken sa fier krije moat om har permanint op it eilân te fêstigjen.
"We willen mensen die de droom hebben om op een eiland te wonen en werken samenbrengen met werkgevers die staan te trappelen om personeel", seit inisjatyfnimmer Johan Haarsma. In grut part fan de ûndernimmers wurket mei oan it projekt.
TerschelLink is de namme fan de webside dêr't de fakatueres op steane. De site is benammen opset om minsken te werven dy't it fêstelân permanint ferruilje wolle foar it eilân. Net allinnich yn de hoareka, ek yn de bou, rekreaasjesektor en technyske brânsjes is in grut tekoart oan personiel op Skylge.
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De inisjatyfnimmers binne op syk nei personiel dat it hiele jier troch beskikber is. "In het hoogseizoen zijn er wel genoeg mensen te vinden voor de horeca, maar daarna moet je ook nog mensen kunnen ontvangen en daar heb je meer personeel voor nodig."

Proefwenje

Wa't him ynskriuwt op de webside, makket kâns op in wykein op Skylge, folslein fersoarge. De winner wurdt yn kontakt brocht mei in potinsjele wurkjouwer en krijt fergeze begelieding fan in makelder by it finen fan in wenning.
"We hopen mensen die het al een beetje overwegen om op het eiland te gaan werken, met deze actie over te halen. Ik denk oprecht dat je hier een waanzinnig mooie werkplek hebt. Je hebt hier nooit last van files en de mooie natuur is altijd tot je beschikking."