Studinten kritysk oer ferheegjen Waadseedyk: "Ik freegje my ôf oft dat noch helpt"

In ynternasjonale groep studinten is dizze wike dwaande mei foarstellen foar in 'nij ûntwerp' foar de Waadkust.
De seedyk wurdt op dit stuit breder en sterker makke troch it Wetterskip, mar it is de fraach oft genôch is, no't dúdlik is dat de seespegel fierder omheech gean sil. De kommende moanne wurdt dêrom breed nei de takomst fan de Waadkust sjoen op de lânskipstriënnale.
Inisjatyf fan befolking út
Neffens direkteur Els van der Laan giet it derom om 'oars' nei de problemen te sjen, los fan de beliedsstikken fan de ferskate oerheden. "Het is de bedoeling om 'vrij' na te denken over de toekomst van de Waddenkust", seit Van der Laan.
Wat moat der barre mei de Waadseedyk?
Sy beskôget it inisjatyf Holwert-oan-See as in pionier as it giet om it oars omgean mei de Waadkust. "Pioniers hebben het vaak moeilijk, maar het is wel heel mooi dat zo'n initiatief vanuit de bevolking ontstaat."
Alternativen ferheegje seedyk
Oan de Waadkust-simmerskoalle dogge mei-inoar sa'n 40 studinten mei út ferskate Europeeske lannen. Lânskipsarsjitektuerstudinte Esther Postma út Snits is dêr ien fan. "Ik freegje my ôf oft it ferheegjen fan de seediken noch helpt", seit Postma.
"Kinne we net wat oars betinke as allinnich mar it ferheegjen fan de seedyk? Dat wolle we dizze wike ûndersykje. Miskyn moatte we wol leare om mear mei it wetter te libjen, as dat mooglik is."
De studinten sille harren befinings no freed presintearje by de start fan de lânskipstriënnale. Dat de lânskipstriënnale foar de Waadseedyk keazen hat as sintraal tema is it gefolch fan in suksesfolle lobby troch it projekt 'Sense of Place' fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân yn 2018.