Jelmer Algra nije direkteur provinsje Fryslân

Jelmer Algra © Provinsje Fryslân
Jelmer Algra fan Wier is beneamd ta nije algemien direkteur fan de provinsje Fryslân. Boppedat sil hy de funksje fan sekretaris op him nimme.
Algra is no noch direkteur fan de Fryske Rabobanken. Op 16 oktober makket hy de oerstap nei de provinsje. "Ik ha in soad nocht om yn oparbeidzjen mei it hiele team my yn te setten foar in moai en sterk Fryslân.
Yn syn nije funksje hat Algra de lieding oer de amtlike provinsjale organisaasje en foarmet hy de ferbining tusken it kolleezje fan Deputearre Steaten en de amtlike organisaasje.
By de Rabobank wie hy ûnder mear foarsitter fan it Kernteam Energie Transitie en foarsitter fan it team dat gie oer klimaat en enerzjy yn relaasje mei de agraryske sektor. Njonken de Rabobank hat Algra ek wurke foar ExxonMobil.
Algra is de opfolger fan Arjen Schepers, dy't de funksje op ynterimbasis ynnaam.