Ynvestearder Van den Brink bliuwt by Cambuur: "Woerts is een sprookjesverteller"

Ynvestearder Bert van den Brink sit noch gewoan yn it stichtingsbestjoer fan SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de geroften tsjinsprutsen dy't marketeer Chris Woerts ferline wike de wrâld yn holp yn it programma Vandaag Inside.
Dêryn sei Woerts dat Van den Brink út it stichtingsbestjoer fan de Ljouwerters stapt, om't er jild ynvestearje wol yn Feyenoord.
"Heel triest"
Sportferslachjouwer Andor Faber hat kontakt hân mei Van den Brink. "'Chris Woerts is een sprookjesverteller. Het is heel triest dat hij dit soort dingen doet om zichzelf in de picture te zetten', is letterlik wat Van den Brink sein hat."
Der is dus gjin sprake fan in mooglik opstappen út it stichtingsbestjoer. "Hy sei: 'Op dit moment blijf ik gewoon in het stichtingsbestuur'", seit Faber. "Dat lit ek wol romte foar spekulaasje, mar dat is wat hy sei."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is net te sprekken oer de útspraken fan Woerts. "It is dochs net te leauwen? Dizze man hat it sa faak ferkeard. Dat nimme je dochs net mear serieus?"
Wa't ek bliuwt, mar dan by sc Hearrenfean, is Andries Noppert. Nei alle gedachten sil er syn kontrakt yn it Abe Lenstra Stadion ferlingje. En dat wylst de Jouster nei it suksesfolle WK op de nominaasje stie om ferkocht te wurden.
Mar der kaam gjin konkrete ynteresse foar Noppert. Sportferslachjouwer Sander de Vries fan de Leeuwarder Courant dêroer: "En dat valt hemzelf ook vies tegen. Hij kon de gouden bergen zien in de verte."
Ik vind dat Noppert het hele seizoen al niet een heel sterke indruk maakt.
Ek Roelof de Vries wit dat Noppert no teloarsteld is. "Hy tocht: ik kin my finansjeel ûnôfhinklik spylje. Dat bart net. Mar je hoege gjin meilijen te hawwen mei syn salaris hear."
De lêste wiken wurdt de goalie ek hieltyd faker trapearre op in flater. "Ik vind dat Noppert het hele seizoen al niet een heel sterke indruk maakt", seit Sander de Vries.
Hy tinkt dat it goed is dat der dúdlikheid komt: "Hij heeft een semi-nonchalante houding, zo van: 'het komt wel goed'. En Noppert is juist een keeper die het nodig heeft dat hij 100% gefocust is en die rust in zijn hoofd heeft."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.