Van Wonderen no net lilk: "Sparta is net iets verder op dit moment"

© ANP
Nei de oerwinning op RKC wie Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen lilk, nei it ferlies tsjin Sparta (1-3) is er in stik tefredener. "Hier hoef ik niet boos over te zijn."
Neffens Van Wonderen sitte Hearrenfean en Sparta kwa nivo tichtby inoar, mei ien ferskil. "Sparta is een ploeg die beter op elkaar is ingespeeld, ze zijn net wat verder op dit moment."
In better resultaat hie der wol ynsitten, benammen as Hearrenfean yn de sterke begjinfaze ien fan de kânsen omset hie ta goal. "We speelden prima en kregen kansen op de 1-0. De spelers hebben gedaan wat er in hun vermogen lag, het was alleen nét niet voldoende."
Kees van Wonderen kin libje mei wat syn ploech sjin liet tsjin Sparta (1-3)
Mei oare wurden: "Het had gekund, maar dan hadden we op voorsprong moeten komen."
Dat slagge net en doe't Sparta flak foar it skoft wol skoarde, waard it lestich. "Zij hebben een ploeg die heel goed in elkaar zit, dat wisten we. Ze kunnen ook heel goed omschakelen. Als ze op voorsprong komen, zijn ze levensgevaarlijk."

Minne dei Noppert?

By alle trije goals fan Sparta seach doelman Andries Noppert der net goed út. Benammen fan de twadde baalt er sels. Doe lei de Jouster in ôfstânsskot fan Arno Verschueren perfekt klear foar Kiko Saito, dy't ienfâldich skoare koe.
"Dy bal moat ik better ferwurkje. En kinst in hiel soad teoryen loslitte op hoe't ik dy bal pakke moat, mar dat is net nedich. Elkenien hat it sjen kind."
Andries Noppert hie syn dei net tsjin Sparta
De earste treffer fan Sparta wie ek al in rake rebound. Doe stompte Noppert in skot fan Verschueren rjocht it fjild yn. "Ik besocht 'm te ferwurkjen, mar spitigernôch kaam er werom. Dan moatst in bytsje gelok ha. En hy (Tobias Lauritsen, red.) makket 'm goed ôf, dat fyn ik gjin fout fan my."
Ek de 3-0 like in bal dy't Noppert gewoanwei wol ha soe: in skot fan Saito yn de koarte hoeke. "Fan elke goal kinne je wol wat fine, ik tink ek dat je oan elke tsjingoal wol wat dwaan kinne. Dizze gie troch de fuotten fan ús ferdigener, dat is in bytsje ûngelokkich. It sit dan ek net mei op sa'n middei."
Unbewust sil it wol wat mei my dwaan.
Andries Noppert oer de transferdeadline
Sûnt syn komst by Hearrenfean, ferline seizoen, oertsjûget Noppert hast allinnich mar. Mei ûnder oare basisplak op it WK fuotbal as gefolch.
Hjoed wie ien fan de earste kearen dat er der minder út seach. Hat de deadline fan de transferperioade, dy't hieltyd tichterby komt, dêr wat mei te krijen? "Unbewust sil it wol wat mei my dwaan. Dat heart net sa, mar it is sa't it is."

Tiisdei helderheid

Noppert hat syn ambysjes wol útsprutsen: hy soe graach hegerop wolle. Mar noch gjin klup hat him meld dizze transferperioade, sit er. "As ik ynteressant wie as spiler, dan wienen se wol kaam. Mar salang't der neat komt, is der neat. Ik wachtsje noch hiel even. Oars ferlingje ik myn kontrakt hjir gewoan."
De transferperioade slút op 31 augustus (tongersdei) om middernacht. Noppert wol earder útslútsel jaan oer syn takomst. "Binnen twa dagen hakje ik de knoop troch. Tiisdei witte we it."
Andries Noppert yn de wedstriid tsjin Sparta © Orange Pictures
Wa't Hearrenfean de kommende wedstriden yn alle gefallen misse sil, is Thom Haye. De middenfjilder pakte yn blessueretiid read. "Het was de zoveelste counter die we om onze oren kregen", seit er. "Ik wilde de aanval eruit halen en zette een tackle in, maar ik was te laat."
Earst tocht Haye dat skiedsrjochter Allard Lindhout de giele kaart tefoarskyn helje soe. "Maar als ik het terugzie, was het wel hard. Ik kan er denk ik vrij weinig van zeggen."
Thom Haye moat tajaan: syn reade kaart kaam troch in lompe aksje
Der siet miskien wol wat frustraasje yn, moat Haye tajaan. "Ik kan me heel erg ergeren aan hoe we de wedstrijd weggeven. Ik krijg af en toe ook te horen dat mijn irritatie zichtbaar is. Als simpele dingen verkeerd gaan, dan heb ik het daar inderdaad moeilijk mee."

Mear fan je ôfbite

In soad types as Haye sitte der net yn de ploech, fynt er. "We hebben een elftal dat heel goed kan voetballen, dat hebben we ook laten zien. Maar als een tegenstander zich zo verweert als Sparta, dan moet je soms uit een iets ander vaatje tappen en dan mag je best wel meer van je afbijten."
Yrritaasje by Thom Haye © Orange Pictures
Dêr wol Haye it foartou yn nimme, mar dit wie net de wize wêrop. "Dit was heel laat in de wedstrijd, dus gewoon onnodig. Ik vind het ook lomp van mezelf."
De reade kaart fan Haye jout syn trainer in wat dûbeld gefoel "Je moet te allen tijde je kop erbij houden, want voetbal speel je met je hoofd. Dus hij moet dit niet doen, maar het zit ook een beetje in Thoms karakter. Gelatenheid is ook niet goed."
Yntusken is dúdlik wurden dat Thom Haye de kommende twa wedstriden fan Hearrenfean net meidwaan mei. Hy hat in skorsing krigen fan trije duels, wêrfan ien ûnder betingst.