Sterk begjin smyt Hearrenfean neat op: Sparta wint

Andries Noppert baalt © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat in goed earste healoere tsjin Sparta net bekroand mei in oerwinning. De Rotterdammers holden stân, kamen flak foar it skoft op foarsprong en rûnen yn de twadde helte út: 1-3.
Trainer Kees van Wonderen begûn de wedstriid mei deselde alve nammen as ferline wike tsjin Utrecht. Doe wûn Hearrenfean mei 2-0 en dat wie al de twadde oerwinning yn likefolle wedstriden.
Ek tsjinstanner Sparta wie goed oan it seizoen begûn, mei ien kear winst en in lykspul. Dochs wie Hearrenfean yn de iepeningsfaze oppermachtich.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Ali, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Tahiri, Olsson; Nunnely, Nicolaescu, Sahraoui
Nei't Spartaan Joshua Kitolano fan de râne fan it strafskopgebiet ôf rjocht op Andries Noppert skeat, naam Hearrenfean it inisjatyf oer. En it wie in lyts wûnder dat de Friezen net op foarsprong kamen.
Earst rekke Osame Sahraoui mei in leech skot de peal, yn de rebound hold Nick Olij spits Ion Nicolaescu fan it skoaren ôf. De oanfal bleau yn libben: Sahraoui sette foar op Nicolaescu, mar opnij kearde Olij.
Noch gjin minút letter waarden Syb van Ottele en alwer Nicolaescu gefaarlik, mar de doelman fan Sparta hold syn ploech oerein yn dizze faze.
Osame Sahraoui wie de absolute smaakmakker yn de earste helte © Orange Pictures
Hearrenfean wie dúdlik better yn dat earste healoere, mar skoare slagge net. Oan de oare kant fan it fjild lei de bal der wol yn, tsien minuten foar it skoft.
Yn de opbou ferlear Simon Olsson de bal. Koki Saito pikte 'm op, kombinearre mei Arno Verschueren en skeat: Noppert kearde de ynset, mar stompte de bal rjocht nei foaren, it fjild yn. Tobias Lauritsen twivele net en helle fuort út: 0-1.
Nei it skoft helle Hearrenfean net itselde nivo as derfoar. Dêr profitearre Sparta optimaal fan, holpen troch Noppert. De doelman ferwurke in ôfstânsskot fan Verschueren net goed en lei de bal sa foar de fuotten fan Saito. De Japanner koe ienfâldich de 0-2 binnenwurkje.
Koki Saito makket de 2-0 foar Sparta © Orange Pictures
De Rotterdammers rûkten bloed. Verschueren hie de 0-3 op de foet, mar skeat in op it each ienfâldige bal njonken. Koart dêrnei wie it wol wer raak. Saito luts op de linkerkant nei binnen ta en skeat. Dy bal yn de koarte hoeke like hâldber, mar net foar Noppert.
Hearrenfean like it fertrouwen hielendal kwyt, mar Pawel Bochniewicz joech de Friezen dochs hoop op in comeback. De Poalske ferdigener kopte tweintich minuten foar tiid raak op oanjaan fan Sahraoui.

Haye mist en krijt read

Thom Haye wie dêrnei ticht by de echte oanslutingstreffer, mar syn hurde skower gong krekt njonken de goal fan Olij.
Yn it ferfolch wie de grutste kâns net foar Hearrenfean, mar yn de counter foar de besikers. Camiel Neghli skeat njonken.
Hearrenfean ferlear net allinnich de wedstriid, mar yn de slotfaze ek noch Thom Haye. Yn de blessueretiid helle er ynfaller Charles-Andreas Brym ûnnedich hurd ûnderút: read.