Partoer Tjisse Steenstra superieur op fertroude grûn

Foar it earst sûnt de winst op de PC, begjin dizze moanne, pakke Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar de krânsen yn de frije formaasje. Se wienen de sterksten yn Bitgum.
Yn de finale fan de Van Aismadagen wienen se mei 5-1 6-0 te sterk foar de ferrassing fan de dei: Peter van Zuiden, Gerben de Boer en Willem Heeringa.
Hans Wassenaar waard útroppen ta kening yn Bitgum
Foar Steenstra en Wassenaar betsjut keatse yn Bitgum in thúswedstriid. Se gongen ek hurd troch de list, dy't út tolve partoeren bestie: earst waard it partoer fan Auke Boomsma mei 5-1 6-4 oan de kant set en dêrnei waarden Remmelt Bouma-en-dy ferslein (5-2 6-4).
Ferrassing fan de dei
Yn de heale finale bleaune Steenstra-en-dy stean, wêrtroch't se rêstich ôfwachtsje koenen wa't de tsjinstanner wurde soe.
Steven Koster, Kees van der Schoot en Rick Minnesma wienen op papier de favoryt tsjin it partoer fan Van Zuiden, mar hellen net har gebrûklike nivo. Sa gong Van Zuiden op it each ienfâldich troch nei de finale op 5-2 6-6.
Yn de einstriid wie it trio Van Zuiden lykwols gjin partij foar de superieure Steenstra, Hiemstra en Wassenaar. Yn in flok en in sucht wie it klear.
Oare wike is yn Penjum de lêste frijeformaasjepartij fan it seizoen, dêrnei komme der noch twa trochelkoarlotterspartijen.