"Fryslân is perfect voor hippies als wij", mar noch gjin útslútsel oer takomst Psylân

Grutsk rint foarsitter Bart Burkhardt oer it terrein fan Psylân by Ryptsjerk. De earste edysje fan it psychedelyske keunst- en muzykfestival sit der hast op. Burkhardt is tefreden. "Volgend jaar weer?", freegje besikers oan him. "Wie weet."
Want Psylân mei dan goed ferrûn wêze mei hast 1500 festivalgongers út binnen- en bûtenlân, de oanrin wie net maklik. Der waard beswier makke, ûnder oare troch de stichting Groene Ster Duurzaam. Se wiene benaud foar lûdsoerlêst by camping De Terpen by Ryptsjerk. De rjochter stelde se yn it ûngelyk.
"De aanloop ging wel wat zwaar inderdaad", seit Burkhardt. "Er waren een paar rechtszaken, die kostten behoorlijk wat energie en geld. Het zorgde ook voor onduidelijkheid bij bezoekers. Maar nu het is doorgegaan, zijn we erg blij. Dat geeft ook weer energie terug."
Hast 1.500 besikers foar earste edysje Psylân
De foarsitter seit dat de organisaasje der alles oan dien hat om lûdsoerlêst foar te kommen. "Zo was het hoofdpodium in een schuur en hebben we voortdurend metingen gehouden. Mensen in de omgeving zeiden: is dit het nou? Zelfs de personen die ons hadden aangeklaagd, vonden het top."
De organisaasje sil de earste edysje evaluearje en dan in beslút nimme oer folgjend jier. Foar in soad besikers wie Psylân in moai alternatyf foar it gruttere Psy-Fi yn it Griene Stjergebiet, dat yn 2019 foar it lêst trochgie.
"Nog nooit zó chill"
"Veel mensen vind het prima dat het nu wat kleiner is, het hoeft ook niet groter voor ze. Het concept is dus goed", seit Burkhardt, dy't troch ferskate besikers betanke wurdt.
Wietse Nijland út Grins jout him selfs in krûp. "Graag volgend jaar weer", seit Nijland. "Ik heb veel festivals meegemaakt, maar zo chill als hier nog nooit. Wij als hippies hebben een plek nodig. En Fryslân is een perfecte plek. Het is mooi hier, de mensen zijn gezellig. En zo'n feest regelt zichzelf."