Skylge en Kampen 700 jier befreone: dat hat alles mei de Brandaris te krijen

De Brandaris sa't wy dy kenne © ANP
Skylge fiert woansdei de 700-jierrige ferbyntenis mei de stêd Kampen. Want in soad minsken witte it net, mar it eilân en de stêd hawwe in bysûndere bân. Dat hat alles mei de Brandaris te krijen.
Kampen en Skylge steane dit jier stil by in oerienkomst dy't 700 jier lyn sletten waard. Der is in spesjaal Comité Kampen Terschelling 700 jaar opset, ûnder lieding fan Barbara Wagenaar-Doeksen en Pieter van der Meer.

Hânzestêd Kampen

De fiering fynt plak om't it eilân de bou fan syn fjoertoer oan Kampen te tankjen hat. Kampen wie yn de 14e iuw in wichtige hannelsstêd yn Nederlân. It stie yn direkte ferbining mei de Sudersee, troch de lizzing oan de mûning fan de IJssel.
"Kampen wie in hiel rike stêd", fertelt Van der Meer fan de kultuerhistoaryske feriening op Skylge. "It hie in soad seelju op it wetter. Amsterdam wie doe noch fiskersplakje, mar Kampen al in grutte Hânzestêd mei hannel yn benammen de Eastsee. Sy fearen troch it Fly, tusken Skylge en Flylân, nei de Eastsee ta."
Oan board wie faak hearring, tekstyl of oar hannelsguod.
Kampen oan de IJssel © ANP
Mar yn de midiuwen wiene der noch gjin GPS of goede kaarten. "Se moasten echt op it each farre. De Waadsee is ûndjip, je hawwe eb en floed, de farwei feroaret faak. Dus sy hiene in goede betonning en in beaken nedich om goed te navigearjen."
Benammen de weromreis wie dreech en gefaarlik. Boppedat liken Skylge en Flylân in soad op inoar. "Dus ien fan de twa woene se derút stekke litte." Sa ûntstie it idee foar in beaken op Skylge.

De earste Brandaris wie in tsjerke

Op 28 septimber 1323 sleat Kampen in ferdrach mei Skylge. Dêryn waard besletten de seestrjitte te befeiligjen mei tonnen. Kampen krige it rjocht fan de hartoch om dy yn it Fly te lizzen. Mar noch wichtiger, der moast ek 'een voerhuijs oft eijn mercke' boud wurde: in markearring om seelju it goede paad te wizen.
Dat waard de earste fjoertoer, dy't bekend waard as de Brandaris. "It is fassinearjend dat yn de djippe midsiuwen al sa'n ôfspraak makke is mei Kampen oer it oanlizzen fan de betonning en de alderearste fjoertoer", fynt Van der Meer.
De Brandaris op in kaart fan Willem Janszoon Blaeu, 1581-1638 © Rijksmuseum | RP-P-OB-101.988
De Kampenaren betellen mei, mar leveren ek stiennen en balken. As tank mochten se fergees foar anker lizze. Yn 't earstoan wie de fjoertoer ek in tsjerke: de Sint-Brandariustjerke, nei alle gedachten neamd nei Sint-Brandarius, sa't West-Skylge eartiids ek wol neamd waard.
Mar de tsjerke wie in koart libben beskern. "Hy stie ticht by de see en troch de streaming is er om 1570 hinne yn see stoart. Pas dêrnei is de notiidske Brandaris boud", fertelt Van der Meer.
Dit beaken wie der yn de iere midsiuwen noch net © ANP
De bou hat jierren duorre, om't ek in oanset ta in nije toer yninoar stoarte. De hjoeddeiske Brandaris wie pas yn 1594 klear. Men makke gebrûk fan lantearnen. It is de âldste as fjoertoer boude toer fan it lân, sa'n 54 meter heech. Op de gevel kaam in plakette mei de tekst: "Tot waarschouwinge aller seevarende die God behoede."
Op de hjoeddeiske Brandaris is noch in oare tinkstien te finen, dy't yn 1994 oanbean is troch Kampen by it 400-jierrich bestean fan de fjoertoer.

Jubileumreis

Takom woansdei is der in spesjale jubileumreis. "Der komt in histoaryske lêzing troch Kampenaar Cor Adema, dy wit in soad oer de skiednis fan Kampen en Skylge. Wy dogge in kuier troch de stêd Kampen en wy bringe in besite oan de koggewerf. Want de kogge wie it type skip dat yn dy tiid oer see nei de Eastsee ta fear."
It programma moat wat mear bekendheid oan de skiednis jaan. "It is hiel bysûnder dat yn dy tiid al sa'n ôfspraak makke is, mar op skoallen wurdt der net oer ferteld en yn museums is net in soad ynformaasje te finen. Dus dat is ek reden foar ús om hjir omtinken oan te jaan", fertelt Van der Meer.
De fjoertoer fan Skylge is in begryp yn hiel Nederlân © ANP
De fjoertoer wie beskiedend foar Skylge, seit Van der Meer. "It wie in erkenning fan it eilân, it brocht hannel en de gefolgen sjogge je noch hieltyd. It seefarren waard bygelyks fan belang. Uteinlik is dêrmei ek de seefeartskoalle in produkt fan wat 700 jier lyn ôfpraat is."