Jeu de boules hat gjin geheimen yn Holwert: "Is mar krekt hoe't er rôlet"

© Omrop Fryslân, Mats Gies
"It is in bal, dy kin raar rôlje. Der sitte gatten yn de baan. It is dus mar krekt hoe't de bal rôlet!" Dat is de kearneftige gearfetting fan Anna Thea Bierma, dielnimmer oan it kampioenskip jeu de boules fan Noardeast-Fryslân.
Sa'n tritich minsken dogge mei oan dat iepen kamioenskip. It komt derby oan op konsintraasje, technyk en balgefoel. En miskien dus ek wol wat gelok?
"Al sa'n tweintich jier", seit Marten Slager fan de organisaasje. Sa lang wurdt it kampioenskip al organisearre yn Holwert. "De dielnimmers binne altyd fan ferskate 'pluimage'. Undernimmers, sekretaresses, minsken dy't yn de soarch wurkje: fan alles wat, en fan sa'n 20 oant 80 jier âld."
De measten komme út Holwert. Bierma is der ien fan. "Ik doch alle wiken mei. Mei de kompetysje op tiisdeitejûn en alle wedstriden, eins altyd dus."
In geheim hat Bierma net:
'Campingsport' jeu de boules freget in soad fan dielnimmers
De winst giet dizze kear nei Gerard de Groot út Drachten. En dat wylst er mar tafallich yn Holwert wie mei syn frou. En se hienen in jeu-de-boulessetsje yn de auto lizzen.
"It is in echte teamsport, mei twa basisfunksjes. It giet om it pleatsen en om it sjitten, en dan komt de taktyk. Mar konsintraasje is ek tige wichtich!"
Mar fierwei it belangrykste: "In soad wille ha, moai bûten boartsje."