Skûtsjesjoernaal mei alle kampioenen: "Stabiliteit, dat is alles"

Skûtsjesjoernaal: de kampioenen fan 2023
Omrop Fryslân folget de skûtsjes fan de IFKS alle dagen yn it Skûtsjesjoernaal. De útstjoering is hjirboppe te sjen, mei in gearfetting fan de wedstriid yn de grutte A.
It is de lêste dei op De Lemmer. En dat betsjut dat der beslissings falle en kampioenen komme. Luuc Elzinga fan de Ut en Thús wie al wis fan de einoerwinning yn de C-klasse. En dat foar in debutant. "In geweldich kampioenskip, dit is in dream. Der wienen wol wat ferwachtingen, mar kampioen? Geweldich."

Spanning oan board

Sijmen Kalsbeek fan de Raerder Roek stie der yn de B-klasse ek goed foar, mar hy moast der noch wol om sile.
"It wie seker spannend! We ha oan it rekkenjen west. It wie wat ûnrêstich oan board, elkenien hie wat spanning. Mar stadichoan kaam de rêst werom en hienen we yn de gaten dat it goedkaam."

"Winne ferfeelt noait"

Yn de lytse A siet de spanning der ek noch folop yn. Mei de oerwinning yn de slotwedstriid griep Andries Brouwer fan it Goutumer Skûtsje de kopposysje yn it klassemint.
"Het ging perfect. We hebben wel getwijfeld, maar we gingen er gewoon voor. En winnen verveelt nooit", seit de skipper dy't foar de tredde kear op rige kampioen is.

Stabiliteit is alles

Reine die it by de wedstriid yn de grutte A, mar der stie in moaie wyn. Klassemintslieder Sikke Heerschop wie mei de Ingelskman goed fuort, better as konkurrint Sterke Jerke fan Pieter Jilles Tjoelker. Heerschop joech dy foarsprong net mear út hannen en is foar de twadde kear kampioen.
"We wienen stabyl, we ha gjin rare dingen meimakke. Stabiliteit yn it kampioenskip, dat is alles."