Kolleezje wol azc Balk langer iepen hâlde, mar ûndersiket earst it draachflak

It azc yn Balk op argyfbyld © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Gemeente De Fryske Marren wol witte oft der draachflak is om it azc yn Balk langer iepen te stellen. Oars soe yn oktober sluting folgje, mar it kolleezje stelt foar om iepenstelling trije jier te ferlingjen.
"It soe op 1 oktober ticht, alle tariedingen wiene dêr ek al foar dien. Mar doe krigen wy in driuwend fersyk fan steatssekretaris Van der Burg, dy't ek by ús west hat. Dêr hawwe wy oer neitocht", sa ljochtet boargemaster Fred Veenstra ta. "Mar de ried wol earst witte hoe't de minsken yn Balk en omjouwing der oer tinke."
Yn septimber krije ynwenners fan Balk, Harich en Wikel in fragelist yn de brievebus. De útfiering fan de peiling leit yn hannen fan in ûnôfhinklik ûndersyksburo.
De útkomsten moatte de gemeenteried ynsjoch jaan yn it draachflak foar it asylsikerssintrum. Nei alle gedachten nimt de ried yn de gearkomste fan 29 novimber in beslút. Mocht bliken dwaan dat der gjin krapte mear is oan opfangplakken, dan kin it azc ek earder slute, sa seit it kolleezje.

Earder te min draachflak

In selde soart ûndersyk is yn 2021 ek al dien. Doe die bliken dat der gjin oertsjûgjend draachflak wie om it azc langer iepen te hâlden. Fan de direkte omwenners woe sa'n 62 persint dat it sintrum ophold. Wol die bliken dat ynwenners sûnt de iepening yn 2016 positiver wurden wiene oer it azc.
"Dat is ek de wrakseling dy't wy as gemeentebestjoer hawwe", seit Veenstra. "Oan de iene kant hawwe je in oerienkomst mei it COA en hawwe je tasizzingen dien yn 'e rjochting fan ynwenners. Mar oan de oare kant sjogge je ek de need yn de wrâld en de muoite dy't gemeenten hawwen om statushâlders huzen te finen."

Yn petear

Op 12 septimber is der jûns in ynringearkomste foar ynwenners fan Balk yn sealesintrum De Treemter. Dêr is ek de gelegenheid om mei it COA en de gemeente yn petear te gean. Eltsenien kin gewoan binnenrinne tusken 19.00 en 20.30 oere.
Fred Veenstra, boargemaster fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
Om't it ûndersyk en de beslútfoarming tiid kostje, stelle boargemaster en wethâlders ek foar de slutingsdatum yn elts gefal in stikje op te skowen, fan oktober nei jannewaris. Dit foarstel wurdt op 20 septimber behannele yn de ried.