Utnaaid Stienzer stjonkbist is wer terjochte: "Hij heeft zich volgevreten"

Robin Heida is bliid dat er Otto wer hat © Eigen foto
Hiel Stiens kaam yn aksje en mei sukses: stjonkdier Otto is wer terjochte. Fjouwer dagen lang hat er wat omstrúnd yn Stiens en omkriten, mar syn baaske Robin Heida is bliid dat Otto werom is.
It stjonkbist wennet yn in bisteparkje by wensoarchsintrum Skilhiem. Mar dêr wie in doarke iepenstean bleaun en Otto wist it wol: hy naaide út. Grutte groepen ha oan it sykjen west, sels in speurhûn kaam deroan te pas.
Dat joech wol in idee fan wêr't Otto wêze moast, mar fange wie noch sa maklik net.
Otto is net in swart-wyt stjonkbist sa't wy dy kenne fan films of searjes, mar hy hat in sjampanjekleur. "Het zijn gedomesticeerde beesten, die zijn zo gefokt. Ze zijn ook kleiner dan 'gewone' stinkdieren en ook te krijgen in een lavendelkleur of chocoladekleur", leit Heida út.
"Voor Otto is deze wereld nieuw, natuurlijk. Allemaal nieuwe geuren. Hij heeft waarschijnlijk de tijd van zijn leven", sei Heida earder dizze wike. "We denken dat hij in een woonwijk zit. Hij is voortdurend aan de wandel."
© Robin Heida
Mar freed einige it aventoer fan Otto. Neffens Heida koe hy troch in flugge aksje fan omwenners fongen wurde. "Er kwamen meerdere zichtmeldingen binnen op het industrieterrein van Stiens en daarop heb ik zo snel mogelijk actie ondernomen", sa skriuwt er.
Heida krige in telefoantsje, dat it stjonkbist der wer wie. "Hij is in Stiens een dag on tour geweest, is toen naar Bitgummolen gegaan en blijkbaar dacht hij toen: ik ga weer terug naar mijn vrouwtjes toe."
Robin Heida mei it stjonkbist © Robin Heida
De aksje die fertuten, Otto is wer keurich yn it bisteparkje. It stjonkbist is wol in pear kilo oankaam. "Otto heeft zijn buik goed volgestopt, hij kan niet eens meer rennen."

Otto miste syn wyfkes

Hy sil miskien efkes op dieet moatte, mar Otto wie wol bliid syn twa wyfkes werom te sjen. "Ze liggen nu met z'n drieën tikkertje te spelen", seit Heida. "Hij ligt nu te maffen en hij heeft zich aardig volgevreten. Hij heeft het aardig goed gehad."
Robin Heida seit eltsenien tank dy't meiholpen hat mei it sykjen. "Wat ben ik blij lieve mensen dat Otto weer terug is."