Kampioensskûtsje Eelkje II te keap: skipper hâldt op

Jeroen de Vos hâldt op as skipper fan de Eelkje II, en it skûtsje stiet te keap. It kostet te folle muoite om de bemanning fêst te hâlden, seit er.
De Vos sylt al mear as 25 jier mei yn de IFKS. Mei de Eelkje II wie er twa kear kampioen fan de A-klasse: yn 2004 en yn 2019.
Met zijn vieren vaar je geen skûtsje.
"Ik wil altijd wel zeilen", seit De Vos, "en zo heb ik er nog wel een paar aan boord, maar met zijn vieren vaar je geen skûtsje."
It is net allinne op de Eelkje II dat it dreech is om bemanningleden fêst te hâlden, seit De Vos. "Je hoort het ook op andere skûtsjes, en ook bij de voetbalvereniging. Het is overal zo."

Sneon is de lêste wedstriid fan it skûtsje Eelkje II mei De Vos oan it helmhout, mar hy wol de IFKS net hielendal achter him litte.
"Ik vind het een hele mooie club, ik heb hier vrienden gemaakt en van alles beleefd. Daar wil ik wel betrokken bij blijven."
Wa wit sjogge we De Vos dus takom jier werom as adviseur op ien fan de skûtsjes. "Als iemand mij mee wil hebben", laket er.