Skûtsjesjoernaal: "Ze leven in Goutum meer mee dan in Akkrum"

Moaie slach foar Sterke Jerke op 'e Lemmer
Omrop Fryslân folget de skûtsjes fan de IFKS alle dagen yn it Skûtsjesjoernaal. De útstjoering is hjirboppe te sjen, mei in gearfetting fan de wedstriid yn de grutte A.
Yn dizze útstjoering is ûnder oare te sjen dat it op 'e nij min silerswaar is, krekt as in dei earder by Ychtenbrêge. Nei lang wachtsjen koe de grutte A wol fan start. It waard in wedstriid mei in ûnoersichtlik begjin: seis skûtsjes waarden út de wedstriid helle fanwegen in falske start. It soarget derfoar dat de spanning yn it klassemint grut bliuwt.
En wêr is it skûtsje De Reuzen? Dat waard de ôfrûne jierren kampioen yn de Lytse A, mar skipper Andries Brouwer en bemanning sile no ûnder de flagge fan Goutum. "Goutum wilde graag een skûtsje hebben, dus wij zijn voor Goutum gaan zeilen. Ze leven daar mooi mee, meer dan in Akkrum."