Rjochtbank: opfang Oekraïners yn Hjerbeam mei trochgean

In ynwenster fan Hjerbeam mei 35 Oekraïners yn har hûs opfange. Dat is de útkomst fan in koart pleit dat de buorlju fan de ynwenster tsjin har oanspand hienen. Dy buorlju binne boppedat de âlders fan de frou.
Dirk de Boer en Rigtje van der Schoot binne de bewenners fan it foarhûs fan de pleats yn Hjerbeam. Sy hienen beswier tsjin de opfanglokaasje dy't harren dochter, de eigeneres fan it achterhûs, oan de gemeente Waadhoeke oanbean hat.
"Wij krijgen hier geheid overlast van", sei mem Rigtje van der Schoot. "Wij zitten op een en hetzelfde erf en ook inpandig zitten wij naast elkaar."
Gjin bewiis foar "onrechtmatige hinder"
Neffens de rjochter is it yndie oannimlik dat de âlders wat oerlêst ûnderfine sille. Mar om de opfang tsjin te hâlden, moat der neffens de rjochter "reële dreiging van onrechtmatige hinder" wêze. En dat kin net bewiisd wurde, dat moat de praktyk noch útwize.
De âlders sizze ek dat sy yn 2016 mei harren dochter ôfpraat hienen dat se gjin apparteminten yn harren wenningen meitsje soenen. Mar ek dat stiet neffens de rjochter net fêst.
It koart pleit fan de âlders wie net allinnich oanspand tsjin de dochter, mar ek tsjin de gemeente. Dy soe ynstimming fan de âlders freegje moatte, fine se. Dêr giet de rjochter net yn mei.
Saak spilet allinnich tusken âlders, dochter en gemeente
In tal ynwenners hie hantekens ynsammele yn protest tsjin de opfang, omdat Hjerbeam net geskikt wêze soe as opfanglokaasje. Mar dizze saak spilet allinnich tusken âlders, dochter en de gemeente, seit de rjochter. Dy hantekens spylje dêrby gjin rol.
Der moat noch wol in omjouwingsfergunning ferliend wurde om de pleats te ferbouwen. De gemeente hat dy proseduere stillein, yn ferbân mei it koart pleit. De gemeente Waadhoeke moat fan it Ryk yn totaal 255 opfangplakken foar Oekraïners regelje.