Winkelketen Big Bazar krijt langer de tiid om ôfspraken te meitsjen mei skuldeaskers

In fêstiging yn Ljouwert © Google Street View
Winkelketen Big Bazar hat ekstra tiid krigen om ôfspraken te meitsjen mei skuldeaskers en te reorganisearjen. Topman Heerke Kooistra fan Damwâld tinkt net dat de situaasje de ein fan de keten hoecht te wêzen.
It beslút fan de rjochter om in spesjale ôfkuollingsperioade ta te stean biedt tydlike beskerming, no't yntsjinne fallisemintsoanfragen yn de wacht steane. Hoelang't it bedriuw de tiid krijt om alles yn oarder te krijen, moat noch bepaald wurde. Dêr wurdt 7 septimber noch in sitting oer holden.

Hierefterstannen

De winkelketen hat it de lêste tiid dreech. It koe de hier fan guon gebouwen troch it lân hinne net mear betelje. Hierbazen wienen al nei de rjochter stapt fanwegen hierefterstannen. Yntusken waarden ek leveransiers senuweftich.
It bedriuw sil faaks wat langer nedich ha om alle rekkens te beteljen, sei de topman Kooistra. "Dit sil ús de kop net kostje", sei er dêroer. Yn Fryslân hat de keten fiif fêstigingen.
It sluten fan fêstigingen dy't ferlies draaie en hierferleging foar nochris tweintich winkels soe helpe moatte om it bedriuw "gezond te houden".