Skûtsje Ut en Thús kampioen yn C-klasse IFKS

It skûtsje Ut en Thús is kampioen wurden yn de C-klasse fan de IFKS. Mei noch ien wedstriid te gean is it skûtsje fan Jirnsum net mear yn te heljen.
Skipper Luuc Elzinga docht dit jier foar it earst mei. Earder sylde Floriaan Swart as skipper op de Ut en Thús. Hy waard foarich jier sechsde yn de A-klasse. Omdat der no in nije skipper is, sylt it skûtsje dit jier yn de C-klasse.
It is foar it earst dat der in skûtsje út Jirnsum meidocht oan de IFKS. Doe't Floriaan Swart noch skipper wie, kaam it skûtsje út foar Snits.
By de wedstriid fan freed kaam de Ut en Thús as twadde oer de finish. De grutste konkurrint foar it kampioenskip, Gerrit de Vries, finishte as tredde. De Frije Fûgel fan Jeroen Mous kaam as earste oer de finish.
Omdat de Ut en Thús yn de minste wedstriid oant no ta as tredde oer de finish kaam, kinne Elzinga en syn bemanning noait mear as trije punten derby krije. Skûtsjes meie de minste útslach ôflûke fan it totaal.
Geartsje de Vries wie oan board fan de Ut en Thús
De wedstriid begûn letter as normaal, omdat der earst net genôch wyn stie. De wedstriid fan de B-klasse is sels hielendal ôfblaasd. Der is te min wyn en dy komt fan alle kanten, meldt de organisaasje.
De wedstriden fan de grutte A-klasse binne rjochtstreeks te folgjen by ús op de radio.