Kafee De Freonskip hat trouwe helpers by Blauhúster Merke: "Wy binne der graach by"

Anja Venema helpt achter de bar © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Kafee De Freonskip yn Blauhús docht syn namme eare oan. By de jierlikse merke, dy't no wer is, komme helpers del om it wurk te dwaan, sadat it eigen personiel feestfiere kin.
Anja Venema is ien fan de minsken dy't byspringt. Tegearre mei har broer út Sint-Jânsgea docht sy it wurk yn it kafee by feestjes, lykas de Blauhúster Merke. Venema wennet yn it Dútske Heede en rydt no al sa'n tweintich jier alle kearen 150 kilometer nei Blauhús. "Meastal mei karnaval en de merke. Mar soms binne der ek oare saken en dan fleane we hjir noch in kear hinne."
Har broer Piet komt al foar it 32e jier om mei te helpen. "Ik bin it sa wend. Ik doch thús ek altyd de doarpsfeesten en fan it ien kaam it oar. Ik bin hjir 32 jier ferlyn bedarre. Oant no ta hat it goed foldien, oars hie ik hjir net mear west." Hy hat wer sin oan de Blauhúster Merke. "It is gesellich."

Fyftich jier himmelster

Wannear't moandei wer oprêden wurde moat, komt Truuske út Snits del, fertelt kafee-eigener Gerard de Wolff. "Dy is al hiel lang by ús heit en mem yn tsjinst en no ek by my dus. En dan wurdt it bedriuw fan boppen nei ûnderen, fan links nei rjochts en fan achteren nei foaren skjinmakke. Se is no presys fyftich jier oan it skjinmeitsjen."
Kafee De Freonskip © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It is in hechte klup meiwurkers en Anja Venema hopet it noch oant har 75e fol te hâlden yn De Freonskip. "Dan is der reden foar wer in feestje. Dêr binne se hjir gek op. En wy binne der graach by."