Nei fiif moannen is der wer libben op de fleanbasis Ljouwert: de F-35's komme werom

F-35's yn aksje © Frank Crebas Photography
De F-35's lânje freed wer op de fleanbasis Ljouwert. Sûnt ein jannewaris wie it grutste part fan de tastellen fuort. Yn de tuskentiid binne beide start- en lâningsbanen folslein renovearre en foarsjoen fan nij asfalt.
"De omgeving gaat wel merken dat we er weer zijn", seit oerste Guido Schols, kommandant fan it 322-squadron fan de fleanbasis.
"We hebben elf vliegtuigen staan op de basis van Volkel. Met de vier die hier in Leeuwarden nog staan gaan we proberen zo snel mogelijk het dagelijkse vliegprogramma weer op te starten."
In piloat yn in F-35 © Omrop Fryslân
By it personiel, dat de ôfrûne moannen dus ek foar in part yn Volkel ferbleau, binne se bliid werom te wêzen.
De ympakt op it thúsfront hat grut west, seit Schols. "Sommigen reden dagelijks op en neer, anderen konden daar overnachten. Nu kunnen mensen weer wat in hun normale ritme komen."
We gaan wel weer geluid maken op Leeuwarden.
Guido Schols
Fan febrewaris ôf wie it reedlik rêstich op de fleanbasis Ljouwert. Earst wie der de útstjoering yn Poalen, dêrnei binne beide start- en lâningsbanen derúthelle foar in yngreven renovaasje. "Het was zeker rustig, maar we gaan wel weer geluid maken op Leeuwarden."

Oars fleane

Mei de omjouwing is ôfpraat dat sjoen wurdt oft der oars flein wurde kin om sa lûdshinder foar te kommen. "Dat gaan we serieus onderzoeken", seit Schols. "We gaan testen of we met aangepaste vliegpatronen het geluid kunnen reduceren."

Twa kear deis

De planning is dat der fan moandei ôf wer twa kear deis mei fjouwer oant seis tastellen flein wurdt. Yn oktober folget dan de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag.
Begjin takom jier kriget de fleanbasis ek de QRA-taak werom. Dat hâldt yn dat F-35's fleantugen ûnderskeppe dy't har net identifisearje. It is in taak dy't dield wurdt mei de Belgyske loftmacht. It is foar it earst dat dêr yn Nederlân F-35's foar ynset wurde.