Ljouwert ferwachtet mear as 10.000 besikers by nij ljochtspektakel

Keunster Daan Roosegaarde lit dit neijier opnij in ljochtkeunstwurk yn Ljouwert sjen. It giet om in lanlike primeur fan in soarte fan fjoerwurksjo mei de namme SPARK.
It ljochtspektakel stiet op 2, 3 en 4 novimber fan dit jier op it programma.
Earder wie SPARK te sjen yn stêden as Melbourne, Bilbao en Londen. Neffens de gemeente krijt Ljouwert no in lanlike premjêre fan in wrâldsjo. Der wurde it earste wykein fan novimber sa'n 10.000 oant 15.000 besikers deis ferwachte.
"Meer dan traditioneel vuurwerk werkt SPARK hypnotiserend", seit de keunstner sels. "Het brengt rust, als een kampvuur. En net als een kampvuur, brengt het mensen bij elkaar. Je kunt er uren naar zitten kijken, of tijdens je avondwandeling met de hond even blijven hangen."

It is net foar it earst dat Roosegaarde mei in ljochtkeunstwurk nei Ljouwert komt. Earder wurke de stêd mei him gear yn it Kulturele Haadstêdjier 2018. Doe gong it om in ljochtsjo op it Saailân, 'Waterlicht'.
Boppedat is Roosegaarde ferantwurdlik foar it ljochtkeunstwurk Gates of Light op de Ofslútdyk.
