Skûtsjesjoernaal: "Het was een oneerlijke wedstrijd"
Skûtsjesjoernaal: Sterke Jerke treft it, Eastermar baalt
Omrop Fryslân folget de skûtsjes fan de IFKS alle dagen yn it Skûtsjesjoernaal. De útstjoering is hjirboppe te sjen.
Yn dizze útstjoering is ûnder oare te sjen hoe't it derút sjocht as in wedstriid gjin wedstriid mear is. Troch in gebrek oan wyn hat de wedstriidlieding de wedstriden fan de lytse en de grutte A-klasse ôfblaasd.
Wedstriidlieder Saskia Westerhoff seit dat it net oars koe, want sûnder wyn wie de wedstriid net earlik. Foar de regearjend kampioen Sterke Jerke kaam dat hiel goed út, mar de skipper fan Eastermar baalde.