Plafondplaten komme nei ûnderen: Snuffelhal Wolvegea giet ticht

De plafondplaten komme, op de moarn fan de lêste dei dat de Snuffelhal yn Wolvegea iepen is, noch nei ûnderen. It gebou is neffens de eigeners fan de winkel, dy't it pân hiere, net mear feilich en dus lûke se de stekker derút.
De stellingen steane noch fol. Ferve, lp's, fazen: se binne allegear te krijen yn de winkel fan Aafke Westra en dochter Annemarie Wolbers.
Op it earste each liket der net in soad oan de hân. Mar klanten dy't fierder rinne, sjogge dat der plafondplaten misse, dat de flier op en del rint en dat guon muorren mei skuorren op je ôf komme.
"De flier is - sa goed as wy dat sjen kinne - al 30 oant 40 sintimeter fersakke, de bekabeling is ôfkard, dat is net brânfeilich mear. It is de lêste moannen wol hiel hurd gien", seit mei-eigener Aafke Westra.
Ungelokken foarkomme
Dêrom sjogge de eigeners it net mear sitten om troch te setten. "De feiligens fan de klanten giet boppe alles. Wy wolle gjin ûngelokken ha, dêr soene wy net mei libje kinne. Dus it is gebeurd foar de Snuffelhal."

Benammen foar har dochter, dy't de winkel seach as har takomst, fynt Westra it dreech. "Wy binne der wol nochter ûnder, mar djip yn je hert tinke je: sa hie it net moatten."
Klanten komme foar it lêste guod
"Dit wie echt de winkel dêr't je even sneupe koene", seit in klant yntusken yn de winkel.
In stellinghâlder fan de winkel, hear Tjeerdsma, ferkeapet selsmakke fûgelhokjes en komt ek al jierren by Westra en Wolbers. "Dit is hiel spitich, it is in ein fan in perioade. Ik kom hjir geregeld even, dan tref ik dy wer ris en dy wer ris: âlde bekenden dy't je al tsien jier net sjoen ha."

Fierderop stiet in frou mei in fol kuorke by de rekken del te sjen. "Wij staan al vanaf 2015 op de camping bij Steenwijk en komen hier supervaak", seit Joanna Wattimena fan Loosdrecht.
"Ik koop hier van alles en nog wat, het is altijd uniek. Je moet het tegenkomen, je moet niet met een lijst komen want dan lukt het niet, het moet op gevoel gaan. En het is altijd betaalbaar. Ik moest de boodschap van de camping meenemen: allemaal tranen dat ze dichtgaan, de hele camping vindt het jammer."
Betankjes
Westra fynt de stipe fan har klanten hertferwaarmjend en is bliid en oerfallen dat sy safolle betsjutte kind ha foar de minsken fan Wolvegea.
Snuffelhal Wolvegea giet ticht: feilichheid kin net garandearre wurde
"Wy krije betankjes fan minsken dy't sizze dat sy it hjir altyd sa gesellich fûnen. Dat komt no foar it ljocht. Eins stiest der sels net sa by stil, it oerfalt dy ek in bytsje. Mar ik fyn it eins ek wol moai, wy hawwe dus dochs earne goed foar west."
Nij plak
Westra en har dochter binne noch op syk nei in nije lokaasje. Dat is lykwols dreech: "It bestimmingsplan moat foar in saak yn de detailhannel geskikt wêze, dy gebouwen binne faak djoer. En der moat wol wat parkearplak wêze."
Foarearst besykje de eigeners in opslachplak te finen dêr't sy harren guod opslaan kinne en online ferkeapje kinne.