Miljeu-organisaasje easket aksje om wetterkwaliteit yn Fryslân te ferbetterjen

De kwaliteit fan it wetter is Fryslân is net goed genôch. Alle 24 wetters dy't foldwaan moatte oan de easken fan de Kaderrichtlijn Water (KRW) binne slim fersmoarge. Dat seit Johan Vollenbroek fan de miljeu-organisaasje Mobilisation for the Environment (MOB).
Hy ropt de provinsje en it Wetterskip Fryslân op om fuortendaliks de jildende rjochtlinen nei te kommen.
Yn in brief oan beide skriuwt Vollenbroek dat der al acht jier in regel is dy't seit dat de wetterkwaliteit ferbettere wurde moat.
Er moet druk op de provincie, anders gebeurt er niets.
As de provinsje en it wetterskip neat dogge om de kwaliteit fan it wetter better te krijen, tinkt Vollenbroek deroer nei om de rjochter te stappen. "Er moet druk op de provincie, anders gebeurt er niets."
Undersyk Wetterskip
Wetterskip Fryslân seit takom wike te begjinnen oan in ûndersyk nei de fiskstân yn fjouwer Fryske wetters. Mei de resultaten fan dat ûndersyk kin it Wetterskip de kwaliteit fierder ferbetterje, om sa ek te foldwaan oan de doelen fan de KRW.
Om de kwaliteit fan it wetter te ferbetterjen, wol it Wetterskip mear natuerfreonlike wâlskanten oanlizze by marren, kanalen en fearten del. Fierder wolle se ûnder oare it suverjen fan ôffalwetter ferbetterje.
Waadsee
Fryslân is neffens Vollenbroek net de iennige provinsje mei fersmoarge wetter, mar syn organisaasje begjint hjir fanwegen de Waadsee. Ferline wike stjoerde de MOB in ferlykbere brief nei Rykswettersteat Noard-Nederlân. "Zodra we meer mensen vrij hebben, gaan we ook achter andere provincies aan."
It Wetterskip Fryslân wol him earst goed ferdjipje foardat se reagearje op de brief fan de miljeu-organisaasje. Yn in skriftlike reaksje seit it wetterskip dat der hurd wurke wurdt oan it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit en dat der in hiel pakket fan maatregels is. Mar ek dat it in hiele útdaging is, omdat elke kante meter brûkt wurdt foar lânbou, rekreaasje, natuer of wenten.
It yntinsive gebrûk fan de grûn soarget foar mear fersprieding fan stoffen dy't ek yn it wetter bedarje. Ek klimaatferoaring, mei ekstremer waar hat sa syn ynfloed. En, sa seit it wetterskip, de wetterkwaliteit is in mienskiplike ferantwurdlikheid.
It yntinsive gebrûk fan de grûn soarget foar mear fersprieding fan stoffen dy't ek yn it wetter bedarje. Ek klimaatferoaring, mei ekstremer waar hat sa syn ynfloed. En, sa seit it wetterskip, de wetterkwaliteit is in mienskiplike ferantwurdlikheid.