Skûtsje 'sûnder mêst' wint yn B-klasse IFKS

It skûtsje dat yn de B-klasse fan de IFKS de wedstriid by Ychtenbrêge wûn hat, hie in dei earder noch gjin mêst.
De mêst rekke skansearre by in oanfarring mei in brêge, en koe net mear brûkt wurde. By de oanfarring bedarre ien fan de bemanningsleden fan it skûtsje yn it wetter.
Skipper en bemanning ha binnen in dei in oare mêst regele, fertelt skipper Jilles Bandstra:
Skûtsje Lonneke wint 'zonder mast'
It ûngelok barde by de brêge yn de A6, flakby de Tsjûkemar. Dy brêge kin net iepen, en dus moatte de skûtsjes de mêst omleech dwaan as se dêr ûndertroch wolle.
Omdat it in hege brêge is, binne der meardere skûtsjes dy't derfoar kieze om de mêst net hielendal omleech te dwaan, mar ûngefear foar de helte. Dat is makliker, en sa binne se flugger ûnder de brêge troch.
By de Lonneke wie de mêst net fier genôch omleech gien, seit skipper Jilles Bandstra. "Miskien soe de IFKS ferplichtsje moatte dat de mêst atyd hielendal omleech giet", seit er.
It is net de earste kear dat der in ûngelok bart mei de mêst fan in skûtsje by dizze brêge. De ôfrûne jierren is it meardere kearen foarkaam.
Degene dy't achterop stie, sprong oerboard.
By de Lonneke is der net ien ferwûne rekke doe't de mêst tsjin de brêge kaam. Wol kaam in bemanningslid yn it wetter telâne, seit Bandstra.
"Degene dy't achterop stie, sprong oerboard doe't it skip de brêge rekke. Hiel ferstannich." As de mêst losrekke wie en nei ûnderen kaam wie, hie hy der presys ûnder stien.
"Se ha de mêst gau sakje litten, mar doe wie it al te let. Der sieten meardere skuorren yn de ûnderkant, dy koene we net mear brûke." Mei in frachtauto is der in nije mêst brocht.

Om tsien oere jûns stie de nije mêst derop, mar doe sieten de touwen noch yn 'e tiis, seit Bandstra. Moarns betiid is dat oplost.
Doe hie er noch net tocht dat er de wedstriid direkt winne soe. Meastal moatte je mei nij materiaal even oefenje. Dêr wie no gjin tiid foar.
"It wie oant de ein ta spannend", seit Bandstra. "Pas doe't we by de finish wiene, tochten we: no is it klear. No ha we wûn."