Deadlik ûngelok yn Boalsert: wurkstraf fan 180 oeren easke tsjin boatferhierder

De ferhierder fan de boat dêr't yn 2021 twa minsken op om it libben kamen, hie mear dwaan moatten mei de klachten oer stank. Dat fynt de offisier fan justysje. Dy easket in wurkstraf fan 180 oeren tsjin de Feanster.
De slachtoffers hiene earder tsjin de ferhierder sein dat se in nuvere lucht rûkten. Troch in lekkende akku op de boat kamen deadlik giftige gassen frij. No tsjinnet de rjochtsaak tsjin de eigener fan it bedriuw dat de boat ferhierde.
Midwike op boat Indigo
By it ûngelok mei de akku's kamen in 52-jierrige man en in 49-jierrige frou út Geervliet om it libben. Twa oare minsken dy't ek op de boat wienen, binne net goed wurden. Nei ûndersyk die bliken dat it kaam troch dampen út in stikkene akku op de boat.
180 oeren wurkstraf easke tsjin boatferhierder nei deadlik ûngelok
In koarte rekonstruksje fertelt dat twa befreone pearen út Geervliet en Brielle yn it foarjier fan 2021 in midwike op de boat Indigo fan ferhierder Yachtcharter op It Hearrenfean boeke.
Op moandei 19 april stappe se op dy boat, fertelle de beide freonen út Brielle. "Toen we de spullen aan boord brachten, roken we iets vreemds, een soort van rioollucht." Se warskôgje dêrom de ferhierder. "Ik rook niks", seit de 59-jierrige Feanster dy't no foarkomme moat. "Ik heb de accu's gecontroleerd, maar er is mij niks opgevallen."
"Enorme walm"
De fertochte docht ûndersyk op it motorjacht en seit dat er neat fine kin. De toeristen stekke fan wâl en komen twa dagen letter oan yn Boalsert. Se lizze dêr oan. "We roken een enorme walm." Efkes letter docht bliken dat it echtpear út Geervliet net wekker wurdt.

"We vertrouwden het niet en deden slaapkamerdeur open. Daar lagen ze'', ferklearje de freonen. Sy oerlibje it troch gau fan de boat te springen en 112 te beljen.
Ferantwurdlikens
Ut ûndersyk docht bliken dat it pear út Geervliet omkaam is troch waterstofsulfide út in stikkene akku. Dizze dampen binne libbensgefaarlik. Neffens de fertochte bart it wol faker dat in akku stikken giet. "Ik weet echt wel hoe een lekkende accu ruikt, naar rotte eieren. Maar dat heb ik niet geroken."
De ferfierder jout ta dat er ferantwurdlik is foar kontrôle fan de boat. Ien fan de akku's oan board wie fan 2014. "Had die niet eerder vervangen moeten worden?", freget rjochter Jolanda Lootsma har ôf. "Ook een nieuwe accu kan kapot gaan", antwurdet de fertochte. "We controleren niet voortdurend alle accu's."
De romte dêr't de akku stiet, moat neffens de regeljouwing fentilearre wurde. Yn dit gefal wie dat net sa. "Het bleek dat de luchtroosters dicht waren, maar dat kon ik niet weten. Ook heb ik de constructie van een akku onder het bed niet bedacht", seit de fertochte.
We zouden het leven vieren die week, maar het werd een nachtmerrie.
Neffens offisier fan justysje Leonie Lübbers hat de fertochte te min dien mei de klachten fan de toeristen oer de stank. "Achteraf had ik dingen anders gedaan, maar op dat moment neem je een besluit, met uiteindelijk verschrikkelijke gevolgen."
Neffens de offisier mei der fan in profesjoneel ferhierder ferwachte wurde dat hy "deugdelijke en veilige boten" ferhiert. De akku wie neffens har al by de ôffeart stikken. De ferhierder hat dy akku wol kontrolearre, mar net "adequaat". "Hij had afspraken met hen moeten maken wat te doen als de geur bleef hangen."
Fertriet
By de freonen en de bern fan it ferstoarne pear sit noch hieltyd in soad fertriet. Ien fan de freonen dy't op de boat siet mei de lettere slachtoffers, fertelt tusken har triennen troch oer it drama dat se meimakke hat. "We zouden het leven vieren die week, maar het werd een nachtmerrie."

"Al na een dag ging het niet goed op de boot. De kachel, de lamp en de koelkast deden het niet meer. We zouden de volgende dag de verhuurder bellen. Maar zover is het niet gekomen", fertelt se. "Ik werd hoestend wakker en had een niet-pluis gevoel. Ik ging naar de slaapkamer van onze vrienden en riep ze en raakte ze aan, maar tevergeefs."
Bern
Ek de beide bern fan it pear út Geervliet fertelle wat it ferlies fan heit en men mei harren dien hat. "Mijn leven is in een sneltreinvaart doorgegaan. In mijn hart doet het pijn dat ik mama en papa nog had kunnen hebben, dat dit drama voorkomen had kunnen worden", seit dochter Finette fan Hulst.
"Mijn toekomst is ingestort", seit soan Rutger. "Nog erger is het dat mijn ouders geen toekomst meer hebben. Ik moet omgaan met een verlies waarmee ik niet kan leven. Dat kan ik de verdachte nooit vergeven."

Advokaat Ide Jan Woltman seit dat syn kliïnt net "aanmerkelijk nalatig" hannele hat. "Hij heeft onderhoud gepleegd zoals iedere andere botenverhuurder zou doen." Ek hat er genôch dien mei de klachten oer stank, seit Woltman. "Hij heeft douche, wc en andere dingen gecontroleerd."
Fatale ynsidinten mei stikkene akku's komme net faak foar. "Dus zijn de verhuurders er ook niet mee bekend en dat kun je ze niet verwijten. Door het ongeluk in Bolsward is er wel wat veranderd, maar dat is kennis van nu." De advokaat easket frijspraak.
Lêste wurd
"Een traumatische ervaring", seit de fertochte yn syn lêste wurd. "Ook al staan mijn emoties niet in verhouding met wat de nabestaanden moeten meemaken."
Hy seit dat de ympakt op syn libben tige grut is. "Bij het horen van sirenes schiet ik in de kramp. Dan ben ik bang dat er iets ergs gebeurd is. Ik ben elke keer blij dat alle boten weer veilig in de haven zijn. Er gaat geen dag of nacht voorbij dat ik niet aan het ongeluk moet denken."
De útspraak is op 7 septimber.